Serval
| serval | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Leptailurus serval | ||||||||||||
| Schreber, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
hjoeddeistich ferspriedingsgebiet |
De serval (wittenskiplike namme: Leptailurus serval) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it monotypyske skaai fan 'e servals (Leptailurus). Dit bist is lânseigen yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara, hoewol't er ûntbrekt yn ticht tropysk reinwâld en de drûchste woastinen. It is in rank bist dat likernôch twaris sa grut is as in húskat, mei oergrutte earen en (yn ferhâlding) de langste poaten fan alle kateftigen. Servals libje solitêr en binne sawol oerdeis as nachts aktyf. Se frette benammen lytse wringedieren, lykas kjifdieren. De IUCN klassifisearret de serval as net bedrige.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme "serval" komt fan it wurd lobo-cerval, in Portegeeske oantsjutting foar de lynks. Yn 1765 waard dat wurd troch de Frânske soölooch Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon yn ferkoarte foarm foar it earst brûkt foar in lytseftige, spikkelbûnte kateftige, dy't doedestiden te Versailles holden waard, yn 'e keninklike menazjery fan Loadewyk XVI fan Frankryk. Lobo-cerval komt fan it Latynske lupus cervarius, wat "hartewolf" betsjut of, frij fertaald, "wolf dy't op harten jaget".
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De serval waard foar it earste wittenskiplik beskreaun yn 1776 troch de Dútske soölooch Johann Christian Daniel von Schreber. De oarspronklike wittenskiplike namme fan dit bist wie Felis serval. It skaai Felis, dat tsjintwurdich brûkt wurdt foar de wylde katten, wie doe noch in soarte fan sammelbak foar alle kateftigen. It wie de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov, dy't de serval yn 1858 yn in eigen, monotypysk skaai pleatste, dat er de wittenskiplike namme Leptailurus neamde, fan it Grykske λεπτός, leptós ("fyn", "rank", "delikaat") en αἴλουρος, aílouros ("kat").

Wêr't de serval en syn monotypyske skaai krekt pleatst wurde moat binnen de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae), wie lang in striidkwestje. Guon saakkundigen mienden dat de servals in subgroep foarmen mei de wylde katten (Felis), de lynksen (Lynx) en de karakals (Caracal), wylst oaren dêr net sa wis fan wiene. Yn 1997 woene de paleöntologen M.C. McKenna en S.K. Bell sels hawwe, de servals (Leptailurus) soene eins in ûnderskaai fan 'e wylde katten wêze.
Yn 'e ienentweintichste iuw wiisden ferskate ûndersiken lykwols út dat de serval it naust besibbe is oan 'e karakal (Caracal caracal) en de Afrikaanske goudkat (Caracal aurata, foarh. Profelis aurata). Dy trije soarten foarmje mei-inoar in genetysk komôf, dat him 7,9–4,1 miljoen jier lyn losmakke fan 'e oare kateftigen. Yn 2017 waard op basis fan dy nije ynformaasje besletten dat de Afrikaanske goudkat oerpleatst wurde moast út syn eigen monotypysk skaai fan 'e Afrikaanske goudkatten (Profelis) nei it skaai fan 'e karakals. De wat minder nau besibbe serval behold wol syn eigen monotypysk skaai.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De serval komt foar yn it meastepart fan Afrika besuden de Sahara. Hy ûntbrekt inkeld yn gebieten mei ticht tropysk reinwâld, lykas yn it Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika en yn it súdlike diel fan West-Afrika, en yn 'e drûchste woastinen, wêrûnder it grutste diel fan 'e Hoarn fan Afrika en de Namyb en de Kalahary yn súdwestlik Afrika. Yn 'e Kalahary is der in isolearre populaasje yn it Nasjonaal Park Gimsbok Kalahary yn it noardwesten fan Súd-Afrika.
Yn 'e Súdafrikaanske provinsjes West-Kaap en East-Kaap, dêr't servals foarhinne yn in brede stripe by de kust lân foarkamen, is dit bist no útstoarn. Noardlik fan 'e Sahara kaam de serval earder foar yn it Atlasberchtme fan Marokko en by de kust fan 'e Middellânske See lâns hielendal oant yn Tuneezje ta. Dêrfan is no inkeld noch in isolearre populaasje oer yn it suden fan Marokko, yn 'e Anty-Atlas súdlik fan 'e havenstêd Agadir. Yn Algerije is de serval alhiel weiwurden; yn Tuneezje is dit bist yn 'e ienentweintichste iuw reyntrodusearre yn it wyld.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De serval is in middelgrutte kateftige, likernôch twaris sa grut as in hûskat (Felis catus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 67–100 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 30 sm, in skofthichte fan 54–62 sm en in gewicht fan 8–18 kg. Seksuele dimorfy is hiel subtyl yn dizze soarte, mar de mantsjes binne yn 'e regel wat steviger boud as de wyfkes.
De sturt is relatyf koart en komt net iens oan 'e hakken ta (dy't by kateftigen healwei de efterskonken sitte). De kop is lyts yn ferhâlding ta it lichem en hat oergrutte earen dy't in tige skerp gehoar skewiele trochdat se ûnôfhinklik faninoar 180° draaie kinne. De poaten binne (yn ferhâlding ta de lichemsgrutte) de langsten fan alle kateftigen troch de tige ferlinge midsfoetsbonkjes. Ek de teannen (5 oan 'e foarpoaten, 4 oan 'e efterpoaten) binne ferlinge, en dêropta ûngewoan beweechlik en tarist mei fjoerskerpe ynlûkbere klauwen.
De pels is bêzje op 'e boppeste lichemsdielen (rêch, siden, nekke, kop, boppekant fan 'e sturt en bûtenkanten fan 'e poaten), en witich op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch, ûnderkant fan 'e sturt en binnenkanten fan 'e poaten). De snorhierren binne ek wyt. De sturt hat in swarte punt. Foar de rest wurdt de pels oerdutsen mei grouwe swarte spikkels dy't grutter binne op 'e rêch en de siden en lytser op 'e kop, de sturt en de poaten. De earen binne fan bûten swart mei healwei in tsjokke wite horizontale streek, dy't nei alle gedachten in rol spilet by kommunikaasje mei soartgenoaten.
Sawol leukistyske (wite) as melanistyske (swarte) eksimplaren fan 'e serval komme yn finzenskip foar. De melanistyske fariant is ek wol waarnommen yn it wyld, benammen yn Kenia.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Servals binne bisten fan 'e savanne, de steppe en feangebieten. Se komme ek foar yn bamboebosken en yn drûge wâlden, lykas fan âlds de koarkiikwâlden oan 'e Mediterrane kust fan 'e Magreblannen. Mar reinwâld is harren te fochtich en te ticht. Ek woastinen mije se. Op 'e berch de Kilimanjaro komme servals foar oant in hichte fan 3.800 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De serval liedt, bûten de peartiid om, in solitêr bestean. De iennichste duorjende bannen mei soartgenoaten lykje te bestean tusken in mem en har jongen. Krekt as de measte lytse katten kinne servals spinne. Oare lûden dy't se fuortbringe, binne miaukjen, tsjirpjen, blazen, grânzgjen en gnoarjen.
Servals binne sawol oerdeis as nachts aktyf, mei hichtepunten yn 'e aktiviteit om 'e jûnsskimer hinne en om 'e midsnacht hinne. Op it hjitst fan 'e middei hâlde se siësta yn it skaad fan strewelleguod en gers, wêrby't se ornaris de tiid nimme om harsels ris goed te waskjen. Op koele of reinige dagen binne servals faak langer aktyf as oars. Se kinne yn in nacht wol 2–4 km rinne. It binne tige skouwe en wache bisten, hoewol't se har wat mear ûntspanne as se der wis fan binne dat der gjin proaien of gruttere rôfdieren yn 'e neite binne.
Sawol mantsjes as wyfkes fêstigje territoaria, mar binne it aktyfst yn inkele kearngebieten binnen sa'n territoarium. Yn oerflak kinne servalterritoaria útinoar rinne fan 10–32 km², ôfhinklik fan 'e beskikberens fan proaien en beskûlbiedende fegetaasje en fan minsklike aktiviteiten yn sa'n gebiet dy't it minder gaadlik foar servals meitsje. De territoaria wurde markearre troch urine te sproeien, dong ûnbedutsen efter te litten of flibe op gers en oare planten te wriuwen. Servals binne gjin swalkers; sels as se fan territoarium feroarje om't de omstannichheden dêr oanlieding ta jouwe, sille se net mear as in pear kilometer fierderop in nij territoarium fêstigje.

Servalterritoaria oerlaapje inoar faak yn hege mjitte, mar de territoariumhâldende yndividuën fertoane mar minimale ynteraksje en lykje inoar mei opset sin út 'e wei te gean. Dat betsjut dat agressive moetings seldsum binne. Soms binne der wol deeglik konfontaasjes oer it besit fan in territoarium, mar dat komt ornaris net fierder as in ritualistysk fertoan wêrby't de bisten inoar oanstoarje en de iene in poat op it boarst fan 'e oare leit. It op en del bewegen fan 'e kop (yn tsjinstelling ta it hinne en wer bewegen fan 'e kop troch oare kateftigen), it opsetten fan it hier op it lichem en de sturt, it sjen litten fan 'e tosken en lûd jammerjen binne allegearre eleminten fan agressyf hâlden en dragen. Mar echte gefjochten komme frijwol net foar.
De peartiid falt foar servals op ferskillende tiden yn ferskillende dielen fan it ferspriedingsgebiet en liket ferbân te hâlden mei (d.w.s. foarôf te gean oan) in pyk yn 'e peartiid fan mûseftigen (dy't de foarnaamste proaien fan 'e serval binne). De peartiid fynt ornaris twaris yn it jier plak, mar it kin ek trije of fjouwer kear foarkomme as it wyfke de oare kearen har jongen ferliest. It wyfke is yn 'e peartiid 1–4 dagen maartsk en besiket dan mantsjes te lokjen troch rêsteleas om te doarmjen, gauris urine te sproeien, oanhâldend te flybkjen en har wang en snút tsjin 'e kop fan elts neieroankommend mantsje te wriuwen. Nei de pearing hat it mantsje fierders neat mear mei de fuortplanting út te stean.
De draachtiid duorret 65–75 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 1–4 jongen smyt. Dat bart op in beskut plak, bygelyks tusken tichte fegetaasje of yn in ferlitten ûndergrûnske hoale fan in gewoane kjifstikelbaarch (Hystrix cristata), in Kaapske kjifstikelbaarch (Hystrix africaeaustralis) of in ierdbaarch (Orycteropus afer). As der in fersteuring plakfynt troch gruttere rôfdieren of minsken, ferpleatst it wyfke har jongen nei in oar skûlplak. De jongen komme blyn en helpleas te wrâld. Se weagje op dat stuit krapoan 250 g en binne oerdutsen mei sêft, wollich hier dat grizer is as de pels fan folwoeksen yndividuën en dizenigere spikkels hat.
Mei sa'n 30 dagen bringt de mem foar it earst in proai by de jongen en begjint it ôfwenningsproses. Lang om let begjinne de jongen harren mem te folgjen as dy op jacht giet. Mei likernôch 6 moannen fange se foar it earst sels in proai, en mei 12 moannen geane se by de mem wei om in eigen territoarium te fêstigjen. Servals binne mei 1–2 jier geslachtsryp. Yn it wyld hawwe se in libbensferwachting fan sa'n 10 jier, mar yn finzenskip kinne se wol 20 jier wurde.

Fretten en jeien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De serval is in karnivoar dy't fral lytse wringedieren fret. Dêrby giet it benammen om kjifdieren, lykas ferskate soarten poelrotten (Otomys), de kûsûgersrôt (Arvicanthis niloticus), de Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides) en ferskate soarten rju-oerrotten (Mastomys). Der wurdt rûsd dat kjifdieren 80–97% fan 'e proaien fan servals útmeitsje. Ek op it menu steane pipermûzen (dat gjin kjifdieren binne), en fierders hazze-eftigen, lytse fûgels, kikkerts, hagedissen, slangen en soms ynsekten. Mear as 90% fan 'e proaien fan servals weaget minder as 200 g. Soms fange se gruttere proaien, lykas ferskate soarten dûkers, keallen fan gruttere antilopesoarten, en gruttere fûgels, lykas flamingo's, leppelbekken en oare wetterfûgels. Servals frette ek wol gers, dat helpe kin by de spiisfertarring of fungearje kin as koarmiddel. It iten fan ies komt foar, mar tige selden.

Jeien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harren proaien fine servals middenmank it lange gers benammen mei har skerpe gehoar. Se slûpe suver sûnder leven te meitsjen tusken de fegetaasje troch en kinne oant wol 15 minuten folslein bewegingsleas sitten of stean bliuwe, wêrby't se dan inkeld de grutte earen hinne en wer draaie. As de proai binnen berik is, springt de serval mei alle fjouwer poaten oant wol 2 m omheech en 3.60 m fansiden, wêrnei't er mei de foarpoaten op 'e proai delkomt. De proai rekket troch dy klap útskeakele en wurdt neitiid deade mei in byt yn 'e nekke of yn 'e kop. Slangen krije ferskate slaggen mei de poaten en mooglik ek noch ferskate biten. Gruttere proaien wurde efterfolge mei in sprint en dan in sprong. Soms bewarje servals gruttere proaien foar letter troch se yn it lange gers te ferbergjen. It tal proaien dat in serval yn in etmiel fangt en ferslynt, is yn trochsneed 15–16. Undersyk hat útwiisd dat servals likernôch 50% fan 'e tiid súkses hawwe by de jacht, wat in heech persintaazje is.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e serval binne gruttere rôfdieren, lykas de bûnte hyena (Crocuta crocuta) en de hyenahûn (Lycaon pictus). Yn in konfrontaasje mei sokke bisten sil in serval sjen dat er beskûl fynt tusken strewelleguod of yn lang gers. As it rôfdier hiel deunby is, naait de serval fuortendaliks út mei de sturt omheech, dêrby sigesaagjend sadat syn fluggere efterfolger net ta folle faasje komme kin. Servals kinne goed klimme, ek al dogge se dat mar selden. Ien eksimplaar waard waarnommen wylst er mear as 9 m heech yn in beam klom om oan hyenahûnen te ûntkommen. Servaljongen binne kwetsber foar folle mear bisten, lykas martereftigen en rôffûgels.

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De serval hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat is dizze soarte tafoege oan Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) de opnommen bisten. De wichtichste bedrigings foar de serval binne habitatferlies en habitatfragmintearring. Streuperij komt ek foar, oan 'e iene kant om't dit bist yn West-Afrika fan belang is foar de tradisjonele genêskunde, wylst oan 'e oare kant feehâlders servals gauris deadzje om harren fee te beskermjen, ek al jeie servals hielendal net op fee (dat har fierstente grut is).
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 3 (stân fan saken yn 2017) erkende ûndersoarten fan 'e serval (Leptailurus serval):
- L. s. constantina (Sintraal-Afrika, West-Afrika en súdlik Marokko)
- L. s. lipostictus (East-Afrika)
- L. s. serval (de nominaat; Súdlik Afrika)

As húsdier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn it Alde Egypte waarden servals as húsdier holden, mei't der ôfbyldings bekend binne fan servals dy't as hannelswaar út Núbje wei nei it noarden brocht waarden. Tsjintwurdich komme servals soms noch wol as húsdier foar, benammen yn lannen en territoaria dy't oangeande eksoatyske húsdieren net folle of gjin regels hawwe, lykas de Feriene Steaten. Yn 'e measten lannen fan 'e Jeropeeske Uny (Nederlân ynbegrepen) is it ferbean om sokke wylde bisten as servals as húsdier te hâlden.
Savannekat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De savannekat is in krusing tusken in mantsje fan 'e serval en in wyfke fan 'e hûskat (Felis catus). Ynsafier bekend waard it earste eksimplaar fan dizze hybride yn april 1986 berne. Savannekatten binne grutter as gewoane hûskatten en ervje ek de spikkelbûnte pels fan harren heit. Mar se krije ek guon skaaimerken fan 'e mem, wêrûnder harren nuetens. Dit katteras hat faak ek skaaimerken dy't ornaris mei hûnen assosjearre wurde; sa rinne savannekatten har baaske faak oeral efternei, hawwe se gjin ôfwearze fan wetter en kinne se goed swimme. Troch de jierren hinne is de savannekat benammen yn 'e Feriene Steaten populêr wurden as húsdier. Yn Jeropa, dêr't it hâlden fan servals, útsein yn dieretunen, ferbean is, komme (frijwol) gjin savannekatten foar.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Kateftige
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lienwurd út it Portegeesk

