Springe nei ynhâld

Leppelbekgril

Ut Wikipedy
leppelbekgril
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaigrillen (Calidris)
soarte
Calidris pygmaea
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     hist. briedgebiet
     dwaalgast
     wintergast

     mooglike wintergast
     trochtrekker
     mooglike trochtrekker


De leppelbekgril (Calidris pygmaea) is in lytse, akút bedrige Aziatyske steltrinner út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae) mei in unike, leppelfoarmige snaffel.

Ringe leppelbekgril yn briedkleed.

De leppelbekgril is in lytse steltrinner, 14–16 sintimeter lang, mei in leppelfoarmige snaffel. Yn it briedkleed hat de fûgel in readbrune kop, hals en boarst mei donkerbrune streken. De boppekant is swarteftich mei bêzje en bleke readbrune skobben. Bûten de briedtiid is de folwoeksen fûgel fan ûnderen wyt en fan boppen bleek brúngriis mei wite skobben op 'e wjukdekfearren. De soarten dy't der in soad op lykje, lykas de Readkielgril (C. ruficollis) en it griltsje (C. minuta), misse de leppelfoarmige snaffel, hawwe minder wyt op 'e foarholle, lykje in lytsere kop te hawwen en hawwe in smel wynbraustreekje.

De fûgel briedt yn it noardeasten fan Sibearje. It gebiet is beheind ta it Tsjûkotka-skiereilân en fierder nei it suden oant de lân-ingte fan it Kamtsjatka-skiereilân. De fûgel trekt by de westlike kust fan 'e Stille Oseaan lâns troch Sibearje, Japan, Noard-Koreä, Súd-Koreä, Sina, Taiwan en Fjetnam nei syn oerwinteringsgebieten yn it suden fan Sina, Fjetnam, Tailân, Bangladesj en Birma. Oerwinterjende fûgels binne ek waarnommen yn Yndia, op Sry Lanka en op it Maleiske skiereilân. Yn it oerwinteringsgebiet is de fûgel tige lokaal. Sonadia Island en de mûning fan 'e Meghna yn Bangladesj, en de Martabanbaai en Nan Thar yn Birma, soene mear as de helte fan 'e winterpopulaasje herbergje. De soarte is ien kear yn Jeropa waarnommen, doe't in eksimplaar op 20 augustus 1952 yn 'e Oekraïne sketten waard.

De leppelbekgril waard earder as ienichste soarte yn it skaai Eurynorhynchus set fanwegen syn ôfwikende snaffel. Ut DNA-stúdzjes die lykwols bliken dat er nau besibbe is oan 'e relatyf ferlykbere readhalsgril en dêrom wurdt de soarte no algemien by Calidris yndield.

De leppelbekgril is tige sinnich wat it briedhabitat oanbelanget. Dêrfoar hat er sânplaten yn tûndralagunes nedich dy't begroeid binne mei beikeheide (Empetrum nigrum), moas en dwerchbjirken. Dy gebieten moatte yn 'e buert fan in riviermûning of waadflakte lizze, dêr't de briedende fûgel foerazjearje kin. Winterdeis jout er de foarkar oan 'e bûtenste dielen fan in rivierdelta. De fûgel is tige trou oan syn briedplak. Hy briedt yn pearen of yn losse koloanjes yn juny en july en siket iten troch te pikken as in wilstereftige, mar brûkt syn snaffel ek as in skeppe.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte is tige seldsum en nimt sterk yn tal ôf; dêrom klassifisearret de IUCN de soarte as krityk bedrige (Critically Endangered). Sûnt 2002 is de populaasje mei gemiddeld 26% yn 't jier ôfnommen. De oarsaak wurdt benammen socht yn habitatferlies, sawol op 'e briedplakken as yn 'e oerwinteringsgebieten, mar ek de jacht op 'e fûgel. In yn 2021 publisearre artikel rûsd de wrâldpopulaasje op mar 471 oant 922 folwoeksen fûgels.[1]

Fan 'e 20 aaien dy't yn it wyld lein wurde, wurde mar trije piken folwoeksen. Troch in beskermingsmetoade dy't as headstarting bekend stiet, hat de Wildfowl & Wetlands Trust de kânsen foar jonge fûgels in stik ferbettere. No oerlibje 15 fan 'e 20 piken dy't sa grutbrocht wurde. Dit proses fynt plak op it lêst bekende briedplak fan Arktysk Ruslân en bestiet út it sammeljen en it útbrieden fan aaien en it dêrnei mei de hân grutbringen fan 'e piken. Sadree't de jonge fûgel fleane kin wurdt er frijlitten. Troch dy oanpak is it tal jongen dat alle jierren oerlibbet mei 20% tanommen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: