Springe nei ynhâld

Leppelbekein

Ut Wikipedy
Leppelbekein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai leppelbekeinen (Malacorhynchus)
soarte
Malacorhynchus membranaceus
(Latham), 1801
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De leppelbekein (Malacorhynchus membranaceus) of de rôze earein hat in grutte leppelbek, lykas de Australyske slob, mar is lytser en wurdt 38 oant 40 sm lang.

Bushell's Lagoon, New South Wales.

Karakteristyk binne de brune rêch en krún, de swart mei wyt streke flanken en it swarte plak om it each op it fierder bleke gesicht. Jonge fûgels binne doffer mar ha fierder itselde fearrekleed. Efter it swarte plak om it each hat er in rôze plakje, dat goed te sjen is op lytse ôfstân. Fanwegen it swart-wite strekepatroan op 'e flanken wurdt de fûgel yn Austraalje út en troch ek zebra duck neamd.

De soarte is endemysk yn in grut part fan Austraalje en is dêr tige mobyl. Se binne by foarkar op stilsteand wetter te finen, fral yn 'e binnenlannen. Op 'e trek binne se út en troch ek yn mangroves en by riviermûningen te sjen.

De oantallen fûgels wikselje op plakken sterk. De yn einfûgels spesjalisearre ornitolooch Harmut Kolbe beskreau de ein as in ekstreme Australyske ynvaazje-ein. Dêr't de ekologyske omstannichheden geunstich binne, komme de fûgels tige fluch yn grutte oantallen foar.

De soarte yt fral wringeleaze dieren en plankton, mar somtiden ek sied. Mei de ein fan 'e snaffel sûget de leppelbekein it wetter op, dat troch de lamellen oan 'e sydkanten fan 'e snaffel wer nei bûten tjemze wurdt. Faak foerazjearje de einen yn grutte groepen.

Leppelbekeinen binne monogaam en bliuwe nei alle gedachten by inoar oant ien stjert. Allinne de sijkes briede, wylst ek it jerkje helpt mei it grutbringen fan 'e piken. Meastentiids is it nêst yn in beamholte of in foarke fan in tak, likernôch in meter boppe it wetteroerflak.

Leppelbekeinen ha in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje liket stabyl. De IUCN beskôget de soarte dêrom as net bedrige. De populaasje waard yn 2023 troch Wetlands International op 100.000 oant 1.000.000 fûgels rûsd.

Hâlden fan leppelbekeinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leppelbekeinen foarmje in soarte dy't hiel let yn Europa ynfierd waard. Earst yn 1979 kamen út Perth in 40-tal piken nei Ingelân. Dy foarmje de basis fan 'e populaasje dy't hjoed-de-dei yn Europa en letter Noard-Amearika as sierfûgel holden wurdt. De soarte is tige gefoelich foar kjeld.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: de:Rosenohrente