Leo XI
| Leo XI | ||
| Paus Leo XI | ||
| amt en titulatuer | ||
| tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | bisdom Rome | |
| sit | Hillige Sit | |
| amtsperioade | 1605 | |
| foargonger | Klemins VIII | |
| opfolger | Paulus V | |
| wurkpaad | ||
| biskopswijing | 1573 | |
| kardinaal | 1583 | |
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Alessandro Ottaviano de' Medici | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 2 juny 1535 | |
| berteplak | Florâns | |
| stjerdatum | 27 april 1605 | |
| stjerplak | Rome | |
Paus Leo XI, berne as Alessandro Ottaviano de' Medici (Florâns, 2 juny 1535 - Rome, 27 april 1605) wie de 232ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre 27 dagen, fan 1 april oant 27 april 1605.
Hy waard berne op 2 juny 1535 te Florâns as Alessandro Ottaviano de 'Medici. Syn heit wie Ottaviano de' Medici (14 july 1482 - 28 maaie 1546), fan in minder dominante takke fan de Medici-famylje. Syn mem dêrfoaroer wie Francesca Salviati, in pakesizzer fan Lorenzo de 'Medici Il Magnifico, in nicht fan paus Leo X en muoike fan Cosimo I de' Medici, gruthartoch fan Toskane.
Alessandro Ottaviano de' Medici wie preester en dêrom troch gruthartoch Cosimo I as ambassadeur nei paus Pius V stjoerd. Hy ferbleau 15 jier yn Rome. Yn 1573 makke paus Gregoarius XIII him biskop fan Pistoia en dêrnei aartsbiskop fan Florâns yn 1574. Hy waard yn 1583 beneamd ta kardinaal.
Op fersyk fan paus Clemens VIII ferbleau hy om 1600 hinne yn Frankryk, dêr't Maria de' Medici keninginne wie. Hy waard yn 1605 ta paus keazen en naam de namme fan Leo XI oan. Paus Leo XI ferstoar yn Rome op 27 april 1605, trochdat Leo XI al sa betiid nei syn ferkiezing stoar, heart syn pausskip ta de koartste tsien pontifikaten yn de skiednis fan it pausdom.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Pausen yn 'e 17e iuw | ||
|---|---|---|
|
Leo XI · Paulus V · Gregoarius XV · Urbanus VIII · Innosintius X · Aleksander VII · Klemins IX · Klemins X · Innosintius XI · Aleksander VIII · Innosintius XII · |
||
