Lembeh
| Lembeh | ||
| Sicht op Pulau Lembeh | ||
| geografy | ||
| lân | ||
| provinsje | Noard-Selebes | |
| koördinaten | 1° 26' NB 125° 15' EL | |
| sifers | ||
| oerflak | 50 km² | |
| heechste punt | 432 m | |
| kaart | ||
Pulau Lembeh (Lembeh-eilân) is in eilân yn 'e provinsje Noard-Selebes (Noard-Sûlawezy; Sulawesi Utara) yn Yndoneezje. Lembeh hat in boatferbining mei Bitung, de stêd dy't oan 'e oare kant fan 'e Strjitte fan Lembeh op Selebes leit. Bitung leit likernôch oardel oer fan 'e luchthaven fan Manado (Sam Ratulangi Airport).
It wetter tusken Lembeh en Selebes wurdt de Strjitte fan Lembeh neamd. It eilân kriget in soad toeristen út de hiele wrâld dy't dêr komme om te dûken. It wetter om it eilân stiet bekend om de grutte biodiversiteit en de oanwêzigens fan bysûndere fisk- en diersoarten lykas seldsume soarten seehynderkes en oktopussen. Der kin it hiele jier troch dûkt wurde, mar april oan en mei oktober is it bêste seizoen.
Lembeh is fierder in rêstich en grien eilân, mei in heuveleftich lânskip en in oantal doarpen. De bewenners binne fral fiskers en kultureel besibbe oan 'e Minahasa-befolking fan Noard-Selebes. It heechste punt op it eilân leit 435 m boppe seenivo. It eilân is yn noard-súd rjochting 18,1 km lang en 14,1 yn east-west rjochting.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân foarmet ûnderdiel fan 'e stêd Bitung, alhoewol't de stêd net op it eilân leit. Bitung is ferdield yn ferskillene kecamatan (distrikten) en it eilân Lembeh hat twa fan sokke distrikten: Lembeh Utara (Noard-Lembeh) en Lembeh Selatan (Súd-Lembeh).
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lembeh fan Wikimedia Commons. |