Lelprotter
| lelprotter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Creatophora cinerea | ||||||||||||
| Meuschen, 1787 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De lelprotter of lelstaar (Creatophora cinerea) is in fûgel út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lelprotters wurdt 19 oant 21 sm lang en ha in koarte sturt en spits útrinnende wjukken. It fearrekleed is foar in grut part griis, mar de stút is wyt. De sturt en de slachpinnen fan 'e wjukken binne swart. De poatsjes en de snaffel binne ljochtgriis. It mantsje ha in keal giel plak efter en ûnder it each en fearreleaze swart hûd oan 'e kiel. Yn 'e briedtiid kin it mantsje de fearren fan 'e kop en nekke ferlieze en kriget er in grutte hingjende swarte lel oan 'e kiel. Guon fûgels krije ek boppe de snaffel lytsere lapkes hûd wêrfan't de foarm en de grutte de fûgel ferskilt. Mei't de fûgel âlder wurdt, wurde de lellen langer en ek âldere wyfkes ûntwikkelje somtiden lytse lellen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt op it Arabysk Skiereilân, Madagaskar en oare plakken yn súdeastlik Afrika foar. De fûgel liket syn ferspriedingsgebiet nei it westen fan Afrika út te wreidzjen. It habitat bestiet út gerslân, net te tichte bosken en kultuerlân.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lelprotters binne koloanjebrieders en briede út en troch ek mei weverfûgels. It nêst wurdt yn beammen en boskjes boud mei in foarkar foar akasiabeammen, meast oant 10 m boppe de grûn. It bestiet út tûkjes en wurdt mei gers en fearkes ôfset. In lechsel kin út twa oant fiif bleekblauwe aaien bestean, mar meast trije oant fjouwer aaien. Beide âlders bouwe it nêst, briede op 'e aaien en fersoargje de jongen. It brieden duorret 11 dagen en jonge fûgels ferlitte nei 13 oant 16 dagen it nêst. Dan kinne se noch net fleane en foarmje se in maklike proai foar rôffûgels.
De soarte is in opportunistyske allesfretter, mar se ite fral imerkes. Dêrnjonken ite se ek oare wringeleaze dierkes, beien en sied. Se kinne yn agrarysk gebiet lykas wynbougebieten foar in soad skea soargje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't as stabyl beskôge wurdt. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (LC). Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt beskreaun as algemien oant sels talryk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lelprotter
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Uganda
