Lelkraanfûgel
| lelkraanfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Bugeranus carunculata | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lelkraanfûgel (Bugeranus carunculata) is in fûgel út de famylje kraanfûgels (Gruidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Bugeranus. Der binne ek autoriteiten dy't de fûgel yn it skaai Grus yndiele.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel wurdt likernôch 172 sm lang en weaget 7,8 kg. It is de grutste kraanfûgel fan Afrika en nei de saruskraanfûgel de grutste fan alle kraanfûgels. De rêch en wjukken binne jiskegriis. De fearren boppe de eagen en op 'e kop binne donkergriis. De soarte hat twa wite lellen dy't krekt ûnder de kiel hingje. De sturtfearren binne tige lang en hingje hast oant op 'e grûn. It boarst en de nekke binne wyt. De bleate hûd fan 'e eagen oant de snaffel is read en hat wrateftige bultsjes. Syn poaten binne swart. It ferskil tusken mantsjes en wyfkes is hast net te sjen; de mantsjes binne trochstrings wat grutter. De jongen hawwe minder bulten as de folwoeksen fûgels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en Tanzania oant Botswana, Simbabwe en Súd-Afrika. Dêr libbet de fûgel yn iepen sompegebieten mei reid en greidlân mei bosk en hege beammen.
Yn Etioopje is in lytse, isolearre populaasje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lechsels binne lykas by oare kraanfûgelsoarten ien of twa aaien grut. De briedtiid is 33 oant 36 dagen, de langste fan alle kraanfûgelsoarten. Se fleane pas nei 90 oant 130 dagen nei it útkommen fan 'e aaien en dat is ek de langste tiid fan oare kraanfûgelsoarten. It earste jier bliuwe de jonge fûgels by harren âlden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjegrutte waard yn 2018 troch BirdLife International op 6.000 oant 6.300 folwoeksen fûgels rûsd en de oantallen nimme ôf troch habitatferlies. It habitat wurdt bedrige troch drûchte (mooglik troch klimaatferoaring), yrrigaasjeprojekten, rivierdammen en lânoanwinning, wêrtroch natuerlike wiete fegetaasje plak makket foar yntinsyf lânbougebrûk en bewenning. Dêrfandinne stiet de soarte as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN.
In relatyf nij rapport (2024, Crane Conservation Strategy) skriuwt dat de globale populaasje fan Súd- en Sintraal Afrika op 9.600 fûgels rûsd wurdt.[1] Yn Sambia waard yn 2024 by in loftûndersyk boppe de Kafue Flats mei 2.300 fûgels it heechste oantal lelkranen telt sûnt de jierren 1980.[2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lelkraanfûgel
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
