Leen Pfrommer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Leen Pfrommer yn 1968

Leen Pfrommer (Hurderwyk, 31 augustus 1935) is in eardere Nederlânske reedridersscoach.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leen Pfrommer is hikke en tein yn Hurderwyk as slachterssoan yn in húshâlding mei alve bern. Nei in oplieding ta sportoffisier folge er de sportakademy. Nei de sportakademy waard er ynstrukteur op de militêre sportskoalle. Dêrtroch kaam er te wenjen yn Beilen. Hy waard dêr gewestlik trener fan de reedrydploech fan Drinte. Talintfolle jonges as Jan Bols, Harm Kuipers en Piet Kleine sieten doe yn syn ploech. Doe waard er oerpleatst nei Breda. Troch yngripen fan minister Den Toom krige de fanatike trenen lykwols frijstelling fan it leger foar de perioade fan desimber oant en mei febrewaris. Sa koed er de ridersploech trene en coache neist syn wurk as sportoffisier fan de KMA. Ek syn frou, dy't sels ek goed ride koe, holp faak op de treningskampen by it itensieden foar de ploech. Pfrommer wie fan de bekendste Nederlânske riderstreners oer alle tiden. Hy waard yn 1965 trener fan it gewest Grinslân/Drinte nei in reedrydkarriêre yn de subtop. Dêr wienen ûnder oaren Piet Kleine en Jan Bols syn pupillen. Dy lêste wie hurdfytser een hâlde winterdeis op natoeriis syn kondysje op peil. Pfrommer fernom dit en helle Bols oer om reedrider te wurden. Pfrommer wie syn tiid foarút en wist al in soad fan treningsprogramma's. Bols besleat doe om in soad oan gymnastykoefeningen te dwaan en krige tips foar de simmermoannen. Yn 1967 kaam Bols yn de nasjonale kearnploech, waard tredde by it NK en mocht yn 1968 nei de Olympyske Spullen. Yn dat jier waard Pfrommer ek bûnscoach. Hy wie de ferantwurdlike coach yn de súksestiid fan Ard en Keessie (Ard Schenk en Kees Verkerk). Oant 1977 bleau Pfrommer bûnscoach, want hjirnei kamen inkele pupillen wêrûnder Kleine en Van Helden yn opstân tsjin syn oanpak[1].

Jierren '90[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy bleau oant relatyf hege leeftiid aktyf as reedriderscoach, as lêste by de DSB-ploech fan Dirk Scheringa. Dy perioade einige foar de besiele Pfrommer yn mineur. Hy moast foartiids fertrekke en syn belangrykste rydster, Marianne Timmer, liet har, by har wedstriden yn har DSB-perioade, steefêst coache troch Egbert van 't Oever, de wyls ferstoarne riderscoach, dy t yn 1988 al coach wie fan de trijefâldich gouden medaillewinnaresse Yvonne van Gennip op de Olympyske Spullen 1988 fan dat jier yn Calgary. Yn 1995 waard Pfrommer lid fan de KNSB-sprintploech, mar nei spul mei sprintster Christine Aaftink waard Peter Mueller oansteld. Yn 1997 bruts Pfrommer mei de KNSB en yn 2000 kaam hy mei de nije ridersploech DSB dêr't neist Timmer de riders Ids Postma, André Zonderland en Erik Bouwman foar riden giene.

Hy wie ek inkele jierren aktyf as kommentator foar de NOS yn de jierren tachtich, en wie dêryn ien fan de earste reedryskommentators dy't de sjoggers útlei wat in goede reedrydtechnyk wie troch reedriders mei elkoar te fergelykjen.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn 1994 wie Pfrommer listtriuwer foar de Ermelooske VVD. Fjouwer jier letter waard hy mei foarkarstimmen yn de gemeenteried keazen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Een driftkikker op het ijs en ernaast" NRC.nl, 19 maart 2001