Leedoansizzer

Ut Wikipedy
In Amsterdamske leedsizzer, 1855

In leedoansizzer, of leedomsizzer, leedsizzer, deaman, omsizzer, oansizzer wie in fuksje dy't oant nei de Twadde Wrâldoarloch bestie. De taak bestie derút om oan hûs de neibesteanden en plakgenoaten op 'e hichte te bringen fan in ferstjerren. De leedoansizzer koe ek de oanjefte fan it ferstjerren dwaan by de boargerlike stân en mooglik de begraffenis regelje. Troch de komst fan telefony stoar de funksje út. De hearen leedsizzers wiene klaaid yn swarte roukostúms en droegen swarte (hege) huodden. Se hiene listen by harren mei adressen dêr't se del moasten en brieven om foar te lêzen of te oerlangjen.

Amsterdamske leedoansizzers, 19e-uwske print

Fanwegen beheinde kommunikaasjemiddels yn it ferline, wie it faak dreech om alle famylje en freonen op 'e hichte te bringen fan in ferstjerren. Hjirfoar waard in leedoansizzer ynskeakele. Dy lju makken yn lettere jierren net allinnich it ferstjerren bekend; se nûgen famylje en freonen ek ta de begraffenis en organisearren eventueel oare ûnderdielen fan de útfeart. It wurk bestie foar it grutste part allinnich út it oansizzen fan in stjergefal en it byhearrend nûgjen fan gasten. Faak waard de begraffenis sels regele troch de buert oft it gilde dêr't de ferstoarne ta hearde.

Yn 1696 wie yn Amsterdam it saneamde leedoansizzersoproer, nei oanlieding fan in nije belêsting dy't ynfierd wurde soe op it beïerdigjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]