Springe nei ynhâld

Lee Child

Ut Wikipedy
Lee Child
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJames Dover Grant
nasjonaliteit Britsk
berne29 oktober 1954
berteplakCoventry (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Ulstersk
wurk
taalIngelsk
sjenreskrillerromans en koarte ferhalen
bekendste
  wurk(en)
Jack Reacher-searje
útjouwerBantam Books
jierren aktyf1995 – no
offisjele webside
www.leechild.com
De stim fan Lee Child yn it BBC-radioprogramma Bookclub út desimber 2013.

Lee Child, it pseudonym fan James Dover Grant (Coventry, 29 oktober 1954) is in Ingelsk skriuwer fan skriller- en misdieromans. Hy is it bekendst wurden mei syn langjierrige romansearje oer de Amerikaanske omrinner en eardere militêre plysjeman Jack Reacher. Ut dy rige binne (anno 2026) twa dielen ferfilme mei akteur Tom Cruise yn 'e haadrol.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James Dover Grant, ropnamme "Jim", waard yn 1954 berne yn it Ingelske Coventry, yn it greefskip Warwickshire, as de soan fan in etnysk Ingelske mem en in Ulsterske (protestantske Noardierske) heit. Dyselde wie in feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch, dy't diel útmakke hie fan 'e ienheid dy't yn 1945 it nazy-Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen befrijd hie. Nei de oarloch wurke er as ynspekteur foar de Inland Revenue, de Britske belestingtsjinst. Dêr kaam er yn 'e kunde mei syn frou, dy't mei njoggentjin jier as sekretaresse by de Inland Revenue kaam, mar, nei de wizânsje fan 'e dy tiid, ophâlde moast mei wurkjen doe't se troude en dêrom húsfrou waard.

Grant wie de twadde fan fjouwer bern, allegearre jonges. Syn âldere broer, Richard, waard nukleêr wittenskipper. Ien fan syn jongere bruorren, Andrew, waard ek skrillerskriuwer. De húshâlding Grant ferhuze yn 1958 nei Birmingham, dêr't bettere skoallen foar de jonges wiene. Grant genoat dêr fuortset ûnderwiis oan 'e King Edward's School. Yn 1974, doe't er tweintich jier wie, sette Grant yn Sheffield útein mei in stúdzje rjochten oan 'e Universiteit fan Sheffield, ek al wied er alhiel net fan doel om abbekaat of notaris te wurden. Yn syn studintetiid wied yn in funksje efter de skermen belutsen by teäter. Yn 1977 studearre er ôf mei in bachelorgraad yn 'e rjochten.

Lee Child yn 2005, by it ûntfangen fan 'e Barry Award foar syn roman The Enemy.

Tillefyzjekarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid fûn Grant datselde jiers noch wurk by Granada Television yn Manchester, in dochterûndernimming fan ITV, it wichtichste Britske kommersjele tillefyzjenetwurk. Hy klom op ta tillefyzjeregisseur en wie belutsen by it meitsjen fan tillefyzjesearjes as Brideshead Revisited, The Jewel in the Crown, Prime Suspect en Cracker. Yn totaal wurke er mei oan mear as 40.000 oeren tillefyzje en skreau er tûzenen reklamespotsjes en nijsferhalen. Fan 1993 oant 1995 wied njonken syn funksje ek fakbûnsfertsjintwurdiger. Yn augustus 1994 waard Grant troch syn wurkjouwer meidield dat syn baan ferdwine soe by in oankommende restrukturearring fan it bedriuw. Yn juny 1995 waard er mei hûnderten oare meiwurkers fan Granada ûntslein.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn tarieding op it ferliezen fan syn wurk besleat Grant yn septimber 1994 om in roman te skriuwen om te sjen oft er in takomst as auteur hie. Hy keas as pseudonym "Lee Child" út. De foarnamme "Lee" kaam fan in opsetlik foute útspraak fan Le Car (in model fan it automerk Renault) as "Lee Car". Om oeral "Lee" (as lidwurd) foar te setten, waard yn it gesin Grant in weromkearende grap. Dochter Ruth waard sadwaande Lee Child ("It Bern"). Grant keas foar dit pseudonym om't syn boeken dan yn boekhannels en bibleteken by alfabetyske oardering tusken de wurken fan 'e ferneamde misdieskriuwers Raymond Chandler en Agatha Christie yn komme soene te stean.

It earste boek fan Lee Child hiet oarspronklik Bad Luck and Trouble ("Pech en Swierrichheden", in titel dy't er letter recyclje soe foar in oare roman), mar waard feroare yn Killing Floor op oanrieden fan syn útjouwer. It wie in skrillerroman mei as ûnderwerp drugshannel, mar dat feroare er, ek op suggestje fan syn útjouwer, yn falskemunterij. De haadpersoan wie Jack Reacher, in eardere majoar by de Amerikaanske Militêre Plysje dy't no as omrinner troch de Feriene Steaten swalket. It boek, dat útkaam yn maart 1997, waard in bestseller fan 'e earste oarder. Child wûn der de Anthony Award foar en teffens de Barry Award foar Bêste Earste Roman.

Child emigrearre yn 'e simmer fan 1998 mei syn frou nei de Feriene Steaten om tichter by syn ûnderwerp en syn wichtichste lêzerspublyk te wêzen. Killing Floor waard it earste diel fan in lange romansearje oer Jack Reacher, wêrfan't Child elts jier in nij diel publisearre. Hy begûn elts boek op deselde datum dêr't er yn 1994 op mei Killing Floor úteinset wie. Yn 2012 waard de roman One Shot ferfilme ûnder de titel Jack Reacher, mei Tom Cruise yn 'e titelrol. Yn 2016 kaam der in ferfolchfilm út, Jack Reacher: Never Go Back, basearre op 'e roman Never Go Back. Op 'e nij fertolke Cruise de titelrol. Yn beide films hie Lee Child in cameo. Fan 2022 ôf waard foar de streamingtsjinst Amazon Prime de tillefyzjesearje Reacher makke, mei Alan Ritchson as Jack Reacher.

Yn jannewaris 2020, doe't der 24 dielen yn 'e Jack Reacher-romansearje ferskynd wiene, kundige Child oan dat er ophâlde soe mei it skriuwen fan Jack Reacher-romans en dat er de searje oerdrage woe oan syn jongere broer Andrew Grant, dy't skriuwe soe ûnder it pseudonym Andrew Child. De earstfolgjende dielen soene de bruorren tegearre skriuwe en dan soe Child him út 'e searje weromlûke. Anno 2026 is dat lêste noch net bard; diel 25 (The Sentinel) oant en mei diel 31 (Chain Reaction) fan 'e searje binne skreaun troch beide bruorren tegearre. Yn 2022 wiene fan 'e Jack Reacher-boeken wrâldwiid mear as 100 miljoen eksimplaren oer de toanbank gien.

Lee Child yn 2009.

Njonken syn skriuwerskip fan 'e Jack Reacher-searje wurke Child yn 2007 gear mei fjirtjin Amerikaanske auteurs om 'e skrillerroman The Chopin Manuscript te skriuwen. De troch akteur Alfred Molina foarlêzen ferzje dêrfan waard fan 25 septimber oant 13 novimber fan dat jier yn santjin dielen útstjoerd fia de webside Audible.com. Yn novimber 2008 wurke Child as besykjend heechlearaar oan 'e Universiteit fan Sheffield, dêr't er sels tritich jier earder studearre hie. It jiers dêrop bekostige er 52 Jack Reacher-stúdzjebeurzen foar studinten oan dy universiteit. Yn 2009 waard Child ek keazen ta foarsitter fan 'e Mystery Writers of America, in fakferiening fan Amerikaanske detektive, misdie en skrillerauteurs. Hy redigearre twa blomlêzings mei koarte ferhalen fan it misdiesjenre skreaun troch himsels en oare auteurs: First Thrills yn 2010 en Vengeance yn 2012. Yn 2019 waard Child by de British Book Awards útroppen ta auteur fan it jier (in oeuvrepriis). Yn 2020 siet Child yn 'e sjuery fan 'e Booker Prize.

Lee Child/James Grant troude yn 1975. Syn frou hjit Jane. Hja hawwe in dochter dy't Ruth hjit. De húshâlding wenne fan mids 1970-er jierren oant twadde helte 1990-er jierren op ferskate plakken yn Ingelân. Yn 1998 emigrearren Child en de frou nei de Feriene Steaten, dêr't se delstrieken yn 'e steat New York. Yn 2025 remigrearren se wer nei it Feriene Keninkryk.

Child is in fan fan bluesmuzyk (krekt as syn personaazje Jack Reacher) en teffens fan 'e Ingelske fuotbalklub Aston Villa F.C. Nammen fan spilers fan Aston Villa komme soms werom as de nammen fan bypersoanen yn syn boeken. Yn 2013 wiisde Child de bewearing troch de krante de Daily Mail fan 'e hân, dat er syn skriuwen die ûnder ynfloed fan marihuana.

Child krige earedoktoraten fan 'e Universiteit fan Sheffield yn 2009, de De Montfort Universiteit yn Leicester yn 2011 en de Coventry Universiteit yn Coventry yn 2023.

romans
  • 1997 – Killing Floor (wûn de Anthony Award en in Barry Award)
  • 1998 – Die Trying
  • 1999 – Tripwire
  • 2000 – Running Blind (yn it Feriene Keninkryk útbrocht as The Visitor)
  • 2001 – Echo Burning
  • 2002 – Without Fail
  • 2003 – Persuader
  • 2004 – The Enemy (wûn in Barry Award)
  • 2005 – One Shot (ferfilme as Jack Reacher)
  • 2006 – The Hard Way
  • 2007 – Bad Luck and Trouble
  • 2008 – Nothing to Lose
  • 2009 – Gone Tomorrow
  • 2010 – 61 Hours (wûn de Theakston's Old Peculiar Crime Novel of the Year Award)
  • 2010 – Worth Dying For
  • 2011 – The Affair
  • 2012 – A Wanted Man (wûn in British Book Award)
  • 2013 – Never Go Back (ferfilme as Jack Reacher: Never Go Back)
  • 2014 – Personal (wûn de RBA Prize for Crime Writing)
  • 2015 – Make Me
  • 2016 – Night School
  • 2017 – The Midnight Line
  • 2018 – Past Tense
  • 2019 – Blue Moon
  • 2020 – The Sentinel (mei Andrew Child)
  • 2021 – Better Off Dead (mei Andrew Child)
  • 2022 – No Plan B (mei Andrew Child)
  • 2023 – The Secret (mei Andrew Child)
  • 2024 – In Too Deep (mei Andrew Child)
  • 2025 – Exit Strategy (mei Andrew Child)
  • 2026 – Chain Reaction (mei Andrew Child)
koarte ferhalen en novelles
  • 1999 – James Penney's New Identity (koart ferhaal; op 'e nij besjoen en ferkoarte yn 2006; publ. yn 'e blomlêzings Fresh Blood 3 en Thriller)
  • 2009 – Guy Walks into a Bar… (koart ferhaal; prequel fan 'e roman Gone Tomorrow; publ. yn 'e krante The New York Times)
  • 2011 – Second Son (koart ferhaal; publ. as e-boek)
  • 2011 – Knowing You're Alive (koart ferhaal; mei M.J. Rose; in crossover mei de Butterfield Institute-searje; publ. yn 'e blomlêzing In Session)
  • 2012 – Everyone Talks (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift Esquire)
  • 2012 – Deep Down (koart ferhaal; publ. as e-boek)
  • 2013 – High Heat (novelle; publ. as e-boek)
  • 2014 – Good and Valuable Consideration (koart ferhaal; mei Joseph Finder; crossover mei de Nick Heller-searje; publ. yn 'e blomlêzing Face Off)
  • 2014 – Not a Drill (koart ferhaal; publ. as e-boek)
  • 2014 – No Room at the Motel (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift Stylist)
  • 2015 – The Picture of the Lonely Diner (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing MWA Presents Manhattan Mayhem)
  • 2015 – Small Wars (koart ferhaal; publ. as e-boek)
  • 2016 – Maybe They Have a Tradition (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift Country Life)
  • 2017 – Too Much Time (novelle; publ. as e-boek)
  • 2017 – Faking a Murderer (koart ferhaal; mei Kathy Reichs; crossover mei de Temperance Brennan-searje; publ yn 'e blomlêzing Matchup)
  • 2017 – The Christmas Scorpion (koart ferhaal; publ. yn 'e krante The Mail on Sunday)
  • 2018 – The Fourth Man (koart ferhaal; publ. as bonusferhaal yn 'e Australyske edysje fan 'e roman Past Tense)
  • 2019 – Cleaning the Gold (koart ferhaal; mei Karin Slaughter; crossover mei de Will Trent-searje; publ. as e-boek)
  • 2019 – Smile (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Invisible Blood)
  • 2022 – New Kid in Town (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Hotel California)
  • 2023 – Many Happy Returns (koart ferhaal; publ. yn it tydskrift The Spectator)
  • 2024 – Over Easy (koart ferhaal; publ. as bonusferhaal yn 'e Australyske edysje fan 'e roman Safe Enough)
  • 2024 – You Shook Me All Nigh Long (koart ferhaal)
  • 2025 – Bat Out of Hell (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Bat Out of Hell)
  • 2025 – A Better Place (koart ferhaal; publ. yn it companionboek Reacher: The Stories Behind the Stories)
ferhalebondels
  • 2017 – No Middle Name (hjiryn waard earder apart útbrochte koarte fiksje sammele)
    • Too Much Time
    • Deep Down
    • Everyone Talks
    • Guy Walks into a Bar…
    • High Heat
    • James Penney's New Identity (ferzje fan 1999)
    • Maybe They Have a Tradition
    • No Room at the Motel
    • Not a Drill
    • Second Son
    • Small Wars
    • The Picture of a Lonely Diner
koarte ferhalen, novelles en dielen fan kollektive romans
  • 2004 – The Snake Eater by the Numbers (haadstik 6 út 'e as fúljeton publisearre roman Like a Charm, û.red.f. Karin Slaughter)
  • 2005 – Ten Keys (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing The Cocaine Chronicles)
  • 2005 – The Greatest Trick of All (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Greatest Hits; republ. yn 'e blomlêzing The Best British Mysteries IV út 2007)
  • 2006 – Safe Enough (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing MWA Presents Death Do Us Part)
  • 2006 – The .50 Solution (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Bloodlines: A Horse Racing Anthology)
  • 2007 – Chapter 15 (haadstik út 'e as lústerboekfúljeton publ. roman The Chopin Manuscript)
  • 2009 – Public Transportation (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Phoenix Noir)
  • 2009 – sûnder titel (haadstik út 'e as lústerboekfúljeton publ. roman The Copper Bracelet)
  • 2010 – Me and Mr. Rafferty (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing The Dark End of the Street)
  • 2010 – Section 7 (a) (Operational) (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Agents of Treachery)
  • 2010 – The Bodyguard (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing First Thrills)
  • 2011 – Addicted to Sweetness (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing MWA Presents The Rich and the Dead)
  • 2011 – The Bone-Headed League (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing A Study in Sherlock)
  • 2012 – I Heard a Romantic Story (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Love Is Murder)
  • 2012 – The Hollywood I Remember (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Vengeance)
  • 2013 – My First Drug Trial (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing The Marijuana Chronicles)
  • 2014 – Wet with Rain (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Belfast Noir)
  • 2016 – The Truth about What Happened (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing In Sunlight or Shadow: Stories Inspired by the Paintings of Edward Hopper)
  • 2017 – Chapter 6: The Fortune Cookie (haadstik út 'e kollektive roman Anatomy of Innocence)
  • 2017 – Pierre, Lucien & Me (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Alive in Shape and Color)
  • 2018 – New Blank Document (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing It Occurs to Me that I Am in America)
  • 2018 – Shorty and the Briefcase (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Ten Year Stretch)
  • 2020 – Dying for a Cigarette (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing The Nicoltine Chronicles)
  • 2020 – Normal in Every Way (koart ferhaal; publ. yn 'e blomlêzing Deadly Anniversaries)
ferhalebondels
  • 2024 – Safe Enough (hjiryn waard earder apart publisearre koarte fiksje sammele)
    • The Bodyguard
    • The Greatest Trick of All
    • Ten Keys
    • Safe Enough
    • Normal in Every Way
    • The .50 Solution
    • Public Transportation
    • Me and Mr. Rafferty
    • Section 7 (a) (Operational)
    • Addicted to Sweetness
    • The Bone-Headed League
    • I Heart a Romantic Story
    • My First Drug Trial
    • Wet with Rain
    • The Truth about What Happened
    • Pierre, Lucien & Me
    • New Blank Document
    • Shorty and the Briefcase
    • Dying for a Cigarette
    • The Snake Eater by the Numbers

Under redaksje fan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2010 – First Thrills (in blomlêzing fan koarte ferhalen fan it misdiesjenre, sammele en redigearre troch Lee Child)
  • 2012 – Vengeance (in blomlêzing fan koarte ferhalen fan it misdiesjenre, sammele en redigearre troch Lee Child)
  • 2010 – bydrage oer de eftergrûn fan Jack Reacher yn The World's Greatest Crime Writers Tell the Inside Story of Their Great Detectives, or: The Line Up
  • 2019 – The Hero

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.