Leck (Dútslân)
| Leck / Leek | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Leck (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Südtondern | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 7.883 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 29,79 km² | |
| Befolkingsticht. | 265 ynw./km² | |
| Hichte | 6 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25917 | |
| Offisjele webside | ||
| www.leck.de | ||
| Kaart | ||
Leck (Noardfrysk: Leek; Deensk: Læk) is in plak yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Leck makket diel út fan it amt Südtondern en hat 7.883 ynwenners (2024).
Njonken it haadplak Leck lizze ek Klintum en Oster-Schnatebüll (Noardfrysk: Ååster-Snootebel; Deensk: Øster Snattebøl) en de buorskippen Hyholm, Karlsmark , Leckeng, Leckfeld-Nord, Ründel en Wielberg yn 'e gemeente.
Nammeferklearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plaknamme Leck giet mooglik werom op it Alddeenske lækky, wat de mûningsearm fan in rivier beskriuwt. Dêrmei ferwiisde de namme oarspronklik nei alle gedachten nei it rivierke de Lecker Au. In oare mooglike ferklearring is dat de namme ôflaat is fan it Aldnoarske leka, wat 'streame' betsjut; yn dat gefal soe Leck soksawat as 'plak oan it foarbyrinnende wetter' betsjutte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leck waard yn 1231 foar it earst skriftlik neamd as in middelgrut keningsgoed yn it Grûnboek fan 'e Deenske kening Waldemar II. Doe hearde Leck by it Hartochdom Sleeswyk. Op basis fan dy oarkonde koe yn 1981 it 750-jierrich bestean fan it plak fierd wurde. Leck is it âlde haadplak fan 'e Deenske gritenij Kær, de krite dy't benoarden en besuden de gemeente leit.
Argeologyske fynsten datearje it fersterke Leckhuus út de 11e iuw. Dat fersterke hûs tsjinne as herberch en ferdigeningswurk om de westlike Oksewei (Ochsenweg) te kontrolearjen. Dy âlde hannelswei rûn oer Ribe en Tønder yn Denemark en oer Leck yn Noard-Fryslân en Husum nei Wedel by Hamburch. Op in skilderij fan 'e keunstskilder Hans Peter Feddersen út Westerschnatebüll waard dizze westlike Oksedyk by Leck yn 'e jierren 1869 en 1894 fêstlein.
Undersyk jout it fermoeden dat reizgers nei Brittanje yn 'e midden fan it earste milennium ek fanút de haven fan Leck ôfsetten. Hja farden dan oer de Lecker Au, foarby de eilannen Feer en Amrum sa de Noardsee op. Troch fersâning ferlear de haven yn 'e 15e iuw syn betsjutting, mar de hannel groeide dochs fierder.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sint-Willehardustsjerke (St. Willehad-Kirche) datearret oarspronklik út de earste helte fan 'e 12e iuw en is yn romaanske styl boud. Lettere útwreidingen binne goatysk. De tsjerke hat in ryk ynterieur, mei ûnder oare in keunstich fike alterkânsel en in âld doopfont.
Besuden it doarp leit it 1000 ha grutte Langenberger Forst. Troch it bosk rint de Oksewei, de histoaryske hannelswei.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
