Lecco
| Lecco | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Lecco | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 47.378 (31.07.2025)[1] | |
| Oerflak | 45,93 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.031,53 ynw./km² | |
| Hichte | 216 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 23900 | |
| Koördinaten | 45°51' N 9°23' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.comune.lecco.it | ||
| Kaart | ||
Lecco is in stêd oan 'e súdlike punt fan 'e eastlike tûke fan 'e Comomar yn 'e Italjaanske regio Lombardije.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kelten en Romeinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak hat troch syn lokaasje altyd in strategysk belang hân. Opgravingswurk yn 1988 yn opdracht fan 'e stedsmusea fan Lecco by de Rocca di Chiuso lei in doarp út de Golaseccakultuer (iere izertiid) bleat. Yn 2005 brochten mear opgravingen by Lecco troch de stedsmusea en de universiteit fan Bergamo de âldste metallurgyske produksjelokaasje (2e iuw f.Kr. - 1e iuw f.Kr.) yn it hiele Alpegebiet oan it ljocht.
Under de Romeinen waard Lecco in lyts, maar wichtich ferkearsknooppunt. Op 'e Santo Stefanoheuvel lei in castrum', dat ûnderdiel fan 'e Limes wie en de Poflakte beskermje moast en troch Lecco rûn de Via Spluga, de Romeinske wei dy't Milaan mei Lindau ferbûn.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As knooppunt foar ferskillende rûtes waard de regio it toaniel fan in soad striid en fjildslaggen, sa't ek bliken docht út it hookstrooks ferdwinen fan in wichtige goatyske fêsting út de 6e iuw op 'e Monte Barr. It fersterke systeem fan Lecco (Castrum Leuci) waard de sit fan in Karolingysk greefskip, mar yn it jier 960 waard de lêste fan dy greven troch keizer Otto I út syn macht en ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskoppen fan Milaan set.
Hartochdom Milaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In 1117 bruts in lange oarloch út, dy't tsien jier duorre wêrby't ferskillende stêden oan 'e Comomar en Luganomar harren fersetten tsjin Milaan. Lecco wie in bûnsmaat fan Milaan en de bewenners holpen Milaan yn maart 1125 troch de stêd Como mei in float oan 'e wetterkant te belegerjen, wylst de Milanezen de stêd op it lân belegeren. Como moast kapitulearje en de oerwinners stutsen de stêd yn 'e brân. Doe't Lecco him befrije woe fan 'e Milaneeske oerhearsking stipe Lecco keizer Freark II (de pakesizzer fan Barbarossa) by syn konflikt mei Milaan. Nei de dea fan Freark II foelen de Milanezen yn 1250 it kastiel op 'e heuvel fan San Stefano oan en ferneatigen dat.

Yn 1296 rekke Lecco ferwikkele yn in striid tusken twa Milaneeske famyljes, de Visconti en de Torriani. De Visconti joegen opdracht om Lecco te ferneatigjen en nea wer op te bouwen, mar ûnder de fêste macht fan 'e Visconti folge dochs in werbou fan Lecco. It wie Azzone Visconti dy't yn 'e 14e iuw de brêge boude dy't no noch altyd it stedsbyld fan Lecco bepaalt.
Nei de fal fan it hartochdom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1535 stoar de lêste Sforza fan it Hartochdom Milaan sûnder neiteam en dêrmei kaam it Hartochdom Milaan ûnder Spaansk bewâld. It waard bestjoerd troch gûverneurs yn namme fan 'e Spaanske kening Karel V, dy't tagelyk ek Dútsk-Roomsk keizer wie. Under Karel V waard de stêd ta in militêr bolwurk útboud.
Yn 1714 gyng Lombardije oer nei de Habsburgers fan Eastenryk. De grutte grinskonflikten út de Spaanske tiid wiene foarby en de Habsburgers woenen mear ekonomyske ûntwikkeling; ûnder it Eastenryksk bewâld ferdwûnen yn 'e earste helte fan 'e 18e iuw de stedsmuorren en de bastsions foar it grutste part
Yn 1796 foel Napoleon Bonaparte mei syn Frânske leger Noard-Itaalje binnen. Nei't de Frânsen de Earste Slach by Lecco ferlearen slaggen hja der yn 1800 mei de Twadde Slach by Lecco yn om Noard-Itaalje te oermasterjen. Lecco waard yntegrearre yn 'e Cisalpynske Republyk (1797) en de Frânsen fierden bestjoerlike feroaringen yn.
19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de fal fan Napoleon (1814–1815) kaam Lombardije mei Milaan en Lecco ûnder it Keninkryk Lombardije-Veneto, bestjoerd troch de Eastenrykske Habsburgers. De Eastenrykske tiid brocht wer ekonomyske groei en sosjale ûntwikkeling. Under Eastenryksk bewâld waard de ynfrastruktuer ferbettere en in effisjint bestjoer ynfierd. Lecco waard in ekonomysk bolwurk fan 'e izer- en side-yndustry.
Yn 1861 waard Lecco ûnderdiel fan it nije Keninkryk Itaalje ûnder Vittorio Emanuele II fan Sardynje-Piemonte. Yn 'e 19e iuw waard Lecco bekend troch Alessandro Manzoni, dy't de stêd en it omlizzende lânskip brûkte as dekôr foar syn ferneamde roman I Promessi Sposi. Troch him krige Lecco in fêst plak yn de Italjaanske kultuer.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan 'e 20e iuw fûn fierdere yndustrialisaasje plak en der waarden nije wiken oanlein foar it wurkfolk. De stêd waard yn 'e Twadde Wrâldkriich bombardearre, mar de skea bleau beheind. Nei 1945 waard Lecco ûnderdiel fan in Lombardysk Wirtschaftswunder mei in grutte groei yn 'e jierren 1950 en 1960.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Ponte Azzone Visconti is in midsiuwske brêge oer de rivier de Adda. De brege waard tusken 1336 en 1338 boud ûnder Azzone Visconti om de stêd te ferbinen mei it Milaneeske hartochdom.
- De Basilica di San Nicolò is de belangrykste katolike tsjerke fan Lecco. De tsjerke stiet heech op 'e resten fan 'e stedsmuorren út de 14e iuw. De basilyk is wijd oan Nikolaas fan Myra. By de tsjerke stiet de 96 m hege klokketoer, ien fan 'e heechste tuorren yn Itaalje.
- It Monumento ai Caduti is troch Giannino Castiglioni ûntwurpen en yn 'e jierren 1922-1926 foar de slachtoffers fan 'e Earste Wrâldoarloch oprjochte.
- It Cimitero Monumentale is in begraafplak mei in monumintale tagong, dat yn 1882 ynwijd waard. Ferneamde keunstners as Giulio Branca, Francesco Confalonieri, Ernesto Bazzaro, Giannino Castiglioni, Pablo Atchugarry en Giuseppe Milani lieten dêr monuminten efter.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museo Archeologico di Lecco yn it Palazzo Belgiojoso (archeologymuseum).
- Museo Storico di Lecco, ek yn it Palazzo Belgiojoso (histoarysk museum).
- Palazzo delle Paure (wikseljende eksposysje fan lokale en nasjonale skilders).
- Villa Manzoni (museum oer it libben en wurk fan Alessandro Manzoni).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
