Springe nei ynhâld

Le Théâtre et son double

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Le théâtre et son double)
Omslach fan Le théâtre et son double, 1938.

Le Théâtre et son double (Frânsk: likernôch: "It teäter en syn tsjinhinger") is in rige fan essays skreaun troch Antonin Artaud en publisearre yn 1938 troch Gallimard. Yn de essays ûntwikkelet er it teäter fan wredens.

It boek beslach in tal koarte, passyfolle "essays" yn in tige frije, poëtyske foarm. Guon fan dizze essays binne ôfkomstich út lêzingen, en sels brieven, rjochte oan ûnder oaren Jean Paulhan, André Gide, en Marc Bloch. Nettsjinsteande de titel fan it wurk wurdt it teäter fan wredens mar in pear siden as sadanich oanpakt; mar it hiele boek, sawol yn ynhâld as yn foarm, bereidt it foar, rjochtfeardiget it en jout kontekst derfoar. Oare tema's wurde sa oanpakt, guon yn it ryk fan teäter, mar ek oaren lykas God en seksualiteit.

Dit wurk is benammen bekend om it beskriuwen fan teäter as in "firtuele realiteit". De tsjinhinger, fan it teäter mei de konvinsjes dy't de taskôger ôfskermje, blykt in teater fan wredens, dêr't de taskôger mei himsels konfrontearre wurdt.