Lauryn Hill
| Lauryn Hill | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Lauryn Noelle Hill Oare nammen: Ms. Lauryn Hill, L. Boogie | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 26 maaie 1975 | |
| berteplak | East Orange, New Jersey | |
| wurkpaad | ||
| lid fan | Fugees | |
| sjenre | Hip-hop, soul, reggae, R&B | |
| sjongtaal | Amerikaansk-Ingelsk | |
| ynstrumint | Stim (mezzosopraan), gitaar | |
| jierren aktyf | 1988 – no | |
| offisjele webside | ||
| https://mslaurynhill.com/ IMDb-profyl MusicBrainz-profyl | ||
Lauryn Hill (East Orange (New Jersey), 26 maaie 1975) [1]) is in Amerikaanske hiphop-sjongeres, songwriter en aktrise.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hill groeide yn in relatyf goede buert op as dochter fan in learares Ingelsk en in kompjûteradviseur. Op mei jonge jierren wurke se mei oan de soapsearje As the World Turns en de film Sister Act 2.
Doe't se op de middelbere skoalle Pras Michel en Wyclef Jean moete, begûnen se in hiphopgroep: de Fugees. It earste album fan de groep, Blunted on Reality (1994), sloech net oan, mar harren liveoptredens holden de trije oan it wurk. Mei it twadde en tagelyk lêste album fan de groep, The Score (1996), brutsen se troch.
Nei it útinoar gean fan de Fugees besochten de ferskate leden it solo. Hill die bliken it suksesfolst te wêzen: fan it album The Miseducation of Lauryn Hill waarden oer de hiele wrâld tsien miljoen eksimplaren ferkocht en Hill hie ferskate hits. Ek waard se de earste frou dy't tsien kear nominearre waard foar in Grammy en der fiif wûn. Yn 2020 kaam dit album yn de top 10 fan de 500 bêste albums fan alle tiden fan it Amerikaanske blêd Rolling Stone. [2]
Dêrnei die Hill produksje- en skriuwwurk foar ûnder oaren Aretha Franklin en Mary J. Blige. Ek pakte se it aktearjen wer op.
Op 22 maaie 2024 waard The Miseducation of Lauryn Hill troch Apple Music útroppen ta nûmer 1 op de list 100 Bêste Albums.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lauryn Hill hat fiif bern mei de eardere Amerikaanske fuotballer en hjoeddeiske muzikant Rohan Marley, in soan fan 'e ferstoarne reggaemuzikant Bob Marley. Neffens Rohan Marley hat har sechsde bern in oare heit. [3]
Yn 2013 waard Lauryn Hill feroardiele ta trije moannen finzenisstraf foar belestingûntdûking nei't se gjin belesting oanjûn hie oer $1,8 miljoen oan ynkommen tusken 2005 en 2007. In rjochtbank yn Newark, New Jersey, joech har ek trije moannen hûsarrest op. Hill hie skuld bekend. [4]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | Film | Rol |
|---|---|---|
| 1991 | As the World Turns | Kira Johnson (telefyzje, weromkommend) |
| 1992 | Here and Now | Benita (telefyzje, ien kear) |
| 1993 | King of the Hill | Liftbetsjinner |
| 1993 | Sister Act 2: Back in the Habit | Rita Louise Watson |
| 1996 | ABC Afterschool Specials | Malika (tf, ien optreden) |
| 1997 | Restaurant (1998 film) | Leslie |
| 1997 | Hav Plenty | Debra (cameo) |
| 2014 | Concerning Violence | Ferteller |
Toernees
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Smokin' Grooves Tour (mei Fugees, Cypress Hill, Ziggy Marley, A Tribe Called Quest, Busta Rhymes en Spearhead) (1996)
- Refugee Camp Tour (mei Fugees) (1997)
- The Miseducation Tour (1999)
- Smokin' Grooves Tour (mei The Roots en Outkast) (2002)
- Reunion Tour (mei Fugees) (2005)
- Moving Target: Extended Intimate Playdate Series Tour (2011)
- Life Is Good / Black Rage Tour (mei Nas) (2012)
- Homecoming Tour (2013–2014)
- Small Axe Tour (2015)
- MLH Caravan: A Diaspora Calling! Tour (2016–2017)
- PowerNomics Tour (mei Nas) (2017)
- The Miseducation of Lauryn Hill 20th Anniversary World Tour (2018–2019)
- Ms. Lauryn Hill Live in Concert (2020)
- The Miseducation of Lauryn Hill 25th Anniversary Tour (mei Fugees) (2023)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lauryn Hill fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
