Laurenstsjerke (Donkerbroek)

Ut Wikipedy
Laurenstsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente boder Eaststellingwerf
plak Donkerbroek
koördinaten 53° 01' N 6° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Laurentius fan Rome
Arsjitektuer
boujier 1713
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31717
Webside
PKN Donkerbroek-De Haule
Kaart
Laurenstsjerke (Fryslân)
Laurenstsjerke

De Laurenstsjerke is de tsjerke fan de herfoarme PKN-gemeente fan Donkerbroek-De Haule. Dêrneist hat de gemeente noch de eardere grifformearde tsjerke, dy't krekt as de Laurenstsjerke in ryksmonumint is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'Barokke gevelstien

De earste stien foar de trijesidich sletten sealtsjerke waard op 23 april 1714 lein. De nijbou ferfong doe de oanspronklik oan de hillige Laurentius wijde midsiuwske tsjerke. By de bou waarden de âlde fûneminten en it frijkommen materjaal fan de midsiuwske tsjerke op 'e nij brûkt. It tuorke boppe de gevel is in tafoeging út ± 1850.

De tekst fan de barokke gevelstien mei it wapen de famylje Lycklama à Nijeholt boppe de tagong waard yn de Frânske tiid fuortkapt.

De tsjerke waard yn de jierren 2007-2008 restaurearre.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De renêssânse preekstoel en it doopstek waarden fan de midsiuwske tsjerke oernommen en stamme út de 17e iuw. Foar it meitsjen fan mear romte is yn 1836 in kreake ynboud, dy't rêst op twa Doryske pylders.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige oargel komt oarspronklik út de roomske tsjerke fan Jutfaas yn de provinsje Utert. It ynstrumint soe neffens ynskripsjes op it piipwurk troch de Brabânner Matthijs Verhofstadt boud wêze en ferhûze yn 1879 nei de herfoarme tsjerke fan Donkerbroek. Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 1986.

Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it hôf stiet in klokkestoel mei twa âlde klokken. De grutste klok waard yn 1520 getten troch Geart fan Wou en Johan Schonenborch. Net bekend is wa't de oare 14e iuwske klok getten hat. Beide klokken binne yn de Twadde Wrâldkriich út de klokkestoel weihelle. De lytsere klok waard letter yn Giteren werom fûn en de grutte klok op it klokketsjerkhôf fan Hamburch.

Moarns om 08.00 oere en op jûntiid om 18:00 liede se de grutte klok, wylst de lytsere klok middeis om 12:00 oere te hearren is.

Tsjerke fan Haule[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 2023 hearde de Tsjerke fan De Haule ek by de PKN-gemeente. Dy tsjerke waard lykwols yn jannewaris fan dat jier ferkocht oan partikulieren.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: