Laura Harring

Ut Wikipedy
Laura Harring
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Laura Elena Harring Martínez
nasjonaliteit Meksikaansk
Amerikaansk
berne 3 maart 1964
berteplak Los Mochis (Sinaloä)
etnisiteit Dútsk
Meksikaansk
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
www.lauraharring.net
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Laura Elena. De earste efternamme (fan heitekant) is Harring, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Martínez. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Harring of oars Harring Martínez brûkt wurde.

Laura Harring grevinne von Bismarck-Schönhausen, berne as: Laura Elena Harring Martínez (Los Mochis (Sinaloä), 3 maart 1964) is in Meksikaansk-Amerikaansk aktrise en model. Hja waard berne yn Meksiko, mar emigrearre as bern nei de Feriene Steaten. Yn 1985 wie se de earste Latina dy't útkard waard as Miss USA. Letter begûn se in wurkpaad as aktrise yn films en op 'e tillefyzje, wêrby't se it bekendst waard mei har rol as Rita yn 'e film Mulholland Drive, út 2001.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harring waard yn 1964 berne yn Los Mochis, in plak yn 'e noardlike Meksikaanske steat Sinaloä. Har heit, Raymond Harring, wie in biologysk lânbouwer fan Eastenryksk-Dútsk komôf, wylst har mem, María Elena Martínez Cairo, in siktaresse, fêstgoedhannelster en spiritueel leararesse wie. Yn 1971 giene har âlden útinoar, wêrnei't Harring yn 1974, mei tsien jier, mei har mem nei de Feriene Steaten emigrearre, dêr't se har nei wenjen setten yn San Antonio, yn 'e steat Teksas.

Yn 1976 rekke Harring ferwûne oan 'e holle troch in ferdwaalde kûgel fan in drive-by shooting. Doe't se sechstjin jier wie, beprate se har âlden om har oan it Aiglon Kolleezje yn it Switserske Villars-sur-Ollon studearje te litten. Doe't se, nei har stúdzje ôfrûne te hawwen, weromkearde nei de Feriene Steaten, sette se har nei wenjen yn El Paso, yn 'e uterste westpunt fan Teksas. Dêr liet Harring har ynskriuwe foar in skientmewedstryd en wûn se de titel Miss El Paso. Nei't se ek Miss Texas USA wurden wie, tong se yn 1985 mei nei de kroan fan Miss USA, dy't se as earste Latina wûn. It folgjende jier brocht se troch mei reizgjen yn Aazje en Jeropa en mei wurk as ûntwikkelingswurkster yn Yndia.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harring folge in toanieloplieding oan 'e Londenske Academy of Performing Arts. Hja makke yn 1987 har debút as aktrise yn 'e tillefyzjefilm The Alamo: 13 Days to Glory. Har earste filmrol hie se yn Silent Night, Deadly Night 3: Better Watch Out!, út 1989. Yn 1990 hie spile se de haadrol yn 'e film The Forbidden Dance, en itselde jiers begûn se mei in weromkearende rol as Carla Greco yn 'e soapsearje General Hospital. Yn 'e jierren dêrnei fertolke Harring meast byrollen, lykas yn 'e films Exit to Eden (1994) en Black Scorpion II: Aftershock (1997). Teffens spile se yn 1997 it personaazje Paula Stevens yn 'e soapsearje Sunset Beach, en hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as Beauty and the Beast, Baywatch, Flipper, Baywatch Nights en Frasier.

Har bekendste rol hie Harring yn 2001 yn 'e rol fan Rita, as tsjinspylster fan Naomi Watts en Justin Theroux yn 'e cultfilm Mulholland Drive, fan regisseur David Lynch. Neitiid wurke Harring noch twaris gear mei Lynch, as in antropomorfe knyn yn Rabbits (2002) en yn in kameoroltsje yn 'e film Inland Empire (2006). Yn 2002 wie Harring te sjen yn John Q, en teffens hie se datselde jiers de froulike haadrol yn Derailed, as tsjinspylster fan 'e Belgyske akteur Jean-Claude van Damme. Yn 2003 spile se mei Barbara Eden yn Mi Casa, Su Casa, en yn 2004 fertolke se de rol fan 'e bedoarne frou fan John Travolta yn The Punisher.

Oare films dêr't Harring yn spile hat, binne û.m. The King (2005), Walkout (2006), Ghost Son (2007), Nancy Drew (2007), Love in the Time of Cholera (2007), The Caller (2008), Drooler (2009), Return to Babylon (2013) en Sex Ed (2014). Op 'e tillefyzje hie se yn 2006 acht ôfleverings lang in weromkearende rol yn 'e misdiesearje The Shield, as abbekate Rebecca Doyle. Fierders hie se gastrollen yn 'e plysjesearjes Law & Order: Special Victims Unit, Law & Order: Criminal Intent en NCIS: Los Angeles. Yn 2009 wie se yn fjouwer ôfleverings fan 'e rige Gossip Girl te sjen, en yn 2014 en 2015 spile se yn trije ôfleverings fan Chasing Life.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1987 troude Harring mei Carl-Eduard Otto Wolfgang Jayme Anders greve von Bismarck-Schönhausen, de betoerpakesizzer fan 'e ferneamde Prusyske kânselier Otto von Bismarck. Nei't sy en har man yn 1989 al wer skieden, behold Harring lykwols de aadlike titel fan grevinne fan Bismarck-Schönhausen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.