Springe nei ynhâld

Laura Gemser

Ut Wikipedy
Laura Gemser
persoan yn de seksyndustry
Laura Gemser yn 'e film Emanuelle e gli Ultimi Cannibali (Emanuelle and the Last Cannibals) út 1977.
Laura Gemser yn 'e film Emanuelle e gli Ultimi Cannibali (Emanuelle and the Last Cannibals) út 1977.
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Moira Chen
echte namme Laurette Marcia Gemser
nasjonaliteit Nederlânsk
Italjaansk
berne 5 oktober 1950
berteplak Soerabaja (Yndoneezje)
etnisiteit Javaansk
Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodelsoftcore-aktrise,
aktrise, kostúmûntwerpster
jierren aktyf 19741992 (as aktrise)
offisjele webside
Laura Gemser yn 'e IMDb

Laura Gemser (folút: Laurette Marcia Gemser; Soerabaja, 5 oktober 1950) is in rêstend Nederlânsk softcore-pornoaktrise, mainstream-aktrise en kostúmûntwerpster fan mingd Javaansk-Nederlânsk etnysk komôf. Hja makke yn 'e 1970-er jierren furoare yn 'e titelrol fan 'e sêft-pornografyske Black Emanuelle-filmrige. Letter spile se ek yn mainstream-films. Gemser hat no de Italjaanske nasjonaliteit en liedt in weromlutsen bestean yn Rome.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemser waard yn 1950 berne yn Soerabaja, op it Yndonezyske haadeilân Java. Hja is fan mingd Nederlânsk-Javaansk etnysk komôf. Yn 1955, doe't se fjouwer jier wie, emigrearre se mei har âlden nei Nederlân, dêr't se fierder opgroeide yn Utert. Se trochrûn de middelbere skoalle oan 'e Regentesseschool, dat in MULO wie. Neitiid folge se in oplieding moadeûntwerpen oan 'e Uterter Artibus Keunstakademy.

Laura Gemser yn Emanuelle Nera (Black Emanuelle) yn 1975.

Nei't se as neakenmodel posearre hie foar ferskate neakenblêden yn Nederlân en Belgje, ferfear Gemser yn 1974 nei Itaalje, dêr't se de haadrol spile yn 'e eroatyske film Amore Libero – Free Love fan regisseur Pier Ludovico Pavoni. Dat waard in kassúkses yn 'e bioskopen. Op basis fan dat súkses waard oan Gemser yn 1975 de titelrol taparte yn 'e sêft-pornografyske film Emanuelle Nera (ynternasjonale titel: Black Emuanuelle), in fariaasje op it tema fan 'e oarspronklike filmsearje Emanuelle mei Sylvia Kristel yn 'e haadrol.

Black Emanuelle betsjutte foar Gemser de trochbraak, net inkeld yn Itaalje, mar ek ynternasjonaal. Neitiid waarden in stikmannich ferfolchfilms makke, wêrûnder Emanuelle Nera: Orient Reportage (Emanuelle in Bangkok, 1976), Emanuelle in America (1977), Suor Emanuelle (Sister Emanuelle, 1977), Emanuelle: Perché Violenza alle Donne? (Emanuelle Around the World, 1977), Emanuelle e gli Ultimi Cannibali (Emanuelle and the Last Cannibals, 1977) en La Via della Prostituzione (Emanuelle and the White Slave Trade, 1978).

Letter spile Gemser ek yn ferskate mainstream-films, wêrûnder de Amerikaanske tillefyzjefilm Love is Forever (1983), fan akteur en regisseur Michael Landon (benammen bekend fan The Little House on the Prairie). Dêryn fertolke Gemser de rol fan Keo Sirisomphone, in Laotiaanske flechtlinge. Fanwegen har pornografysk ferline stie Landon der lykwols op dat se foar de rol in skûlnamme oannimme soe, en sadwaande stie Gemser op 'e ôftiteling fan Love is Forever fermeld as Moira Chen.

Gemser troude mei de Italjaanske akteur Gabriele Tinti, mei wa't se yn ferskate films gearwurke. Har lêste filmrol hie se yn 1992. Dêrnjonken wie se fan 1988 oant 1992 yn 'e Italjaanske filmyndustry ek wurksum as kostúmûntwerpster. Yn 1991, doe't Tinti ferstoar, waard Gemser widdo. Troch har houlik hie se de Italjaanske nasjonaliteit krigen. Tsjintwurdich liedt se in weromlutsen bestean yn har wenplak Rome.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1974 Amore Libero – Free Love Jeannie op 'e ôftiteling fermeld as "Emanuelle"
1975 Emanuelle Nera Emanuelle ynternasjonale titel: Black Emanuelle
1975 Emmanuelle l'Antivergine masseuze ynternasjonale titel: Emmanuelle 2
1976 Emanuelle Nera: Orient Reportage Emanuelle ynternasjonale titel: Emanuelle in Bangkok
1976 La Spiagga del Desiderio Haydee ynternasjonale titel: Emmanuelle on Taboo Island
1976 Eva Nera Eva ynternasjonale titel: Black Cobra Woman
1976 Velluto Nero Emanuelle ynternasjonale titel: Smooth Velvet, Raw Silk
1976 Voyage of the Damned minneresse fan Estrede   net fermeld op 'e ôftiteling
1977 Emanuelle in America Emanuelle
1977 I Due Superpiedi Quasi Piatti Susy Lee ynternasjonale titel: Crime Busters
1977 Voto di Castità Iliana ynternasjonale titel: Vow of Chastity
1977 Suor Emanuelle Emanuelle ynternasjonale titel: Sister Emanuelle
1977 Emanuelle: Perché Violenza alle Donne? Emanuelle ynternasjonale titel: Emanuelle Around the World
1977 Emanuelle e gli Ultimi Cannibali Emanuelle ynternasjonale titel: Emanuelle and the Last Cannibals
1977 Le Notti Porno nel Mondo harsels ynternasjonale titel: Porno Nights of the World
1978 La Via della Prostituzione Emanuelle ynternasjonale titel: Emanuelle and the White Slave Trade
1978 Emanuelle e le Porno Notti nel Mondo n.2 harsels ynternasjonale titel: Emanuelle and the Porno Nights of the World
1978 La Donna della Calda Terra de frou ynternasjonale titel: Emanuelle: A Woman from a Hot Country
1978 Voglia di Donna Afrikaanske prinsesse ynternasjonale titel: Desire of a Woman
1978 Exit 7 stewardess
1979 Malizia Erotica freondinne fan Verónica alternative titel: El Periscopio; ynternasjonale titel: …And Give Us Our Daily Sex
1979 Collections privées Malinka ynternasjonale titel: Private Collections
1980 International Prostitution: Brigade Criminelle   Tazzi ynternasjonale titel: International Prostitution
1980 Porno Exotic Love Eva ynternasjonale titel: Sexy Erotic Love
1980 Le Notti Erotiche dei Morti Viventi Luna ynternasjonale titel: Erotic Nights of the Living Dead
1980 I Mavri Emanuelle Emanuelle Brindisi ynternasjonale titel: Emanuelle's Daughter of Emanuelle, Queen of Sados
1981 Follia Omicida Beryl Fisher ynternasjonale titel: Murder Obsession
1981 Love Camp de Godlike ek bekend as Divine Emanuelle
1981 Bushido: La Spada del Sole Tomoe ynternasjonale titel: The Bushido Blade
1982 Violenza in un Carcere Femminile Emanuelle Larson ynternasjonale titel: Violence in a Women's Prison
1982 Safari senza Ritorno Maria ynternasjonale titel: Invaders of the Lost Gold of Horror Safari
1982 Ator l'Invincibile Indunn ynternasjonale titel: Ator: the Fighting Eagele
1982 Caligola: La Storia Mai Raccontata Myriam ynternasjonale titel: Caligula II: The Untold Story
1982 Messo Comunale Praticamente Spione dr. Selenia Anselmi ynternasjonale titel: Emanuelle in the Country
1982 La Belva dalla Calda Pelle Sheila ynternasjonale titel: Emanuelle, Queen of the Desert
1983 Blade Violent – I Violenti ûnbekend
1983 Love is Forever Keo Sirisomphone Amerikaanske tillefyzjefilm; ek bekend as Comeback; op 'e ôftiteling fermeld as "Moira Chen"
1983 Emanuelle Fuga dall'Inferno Emanuelle ynternasjonale titel: Women's Prison Massacre of Emanuelle Escapes from Hell
1983 Endgame: Bronx Lotta Finale Lilith ynternasjonale titel: Endgame
1985 L'Alcova Zerbal ynternasjonale titel: The Alcove
1985 Il Piacere Haunani ynternasjonale titel: The Pleasure
1986 Voglia di Guardare Josephine ynternasjonale titel: Desire of the Guards
1988 Top Model Dorothy / Eve ek bekend as Undici Giorni, Undici Notti of Eleven Days, Eleven Nights
1988 Riflessi di Luce Chiara ynternasjonale titel: Reflections of Light
1990 Metamorphosis prostituee
1990 Quest for the Mighty Sword Grimilde
1991 Undici Giorni, Undici Notti 2 Jackie Forrest ynternasjonale titel: Eleven Days, Eleven Nights 2
1992 Una Tenera Storia sekretaresse fan Karen ynternasjonale titel: Love Project; net fermeld op 'e ôftiteling
1999 Joe d'Amato Totally Uncut ferskaat dokumintêre oer regisseur Joe d'Amato en syn wurk, mei fragminten út ferskate films

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.