Lattrop
| Lattrop | ||
| Twintske pleats by Lattrop | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Dinkellân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 972 (1 jannewaris 2023)[1] (ynkl. Breklenkamp) | |
| Oerflak | 19,27 km², dêrfan lân 19,01 km² dêrfan wetter 0,26 km² (ynkl. Breklenkamp) | |
| Offisjele webside | ||
| lattrop-breklenkamp.nl | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Tilligte yn 'e gemeente Dinkellân | ||
Lattrop is in tsjerkedoarp yn de Twintske gemeente Dinkellân yn 'e provinsje Oerisel. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2001 foel it doarp ûnder de gemeente Denekamp. Mei Breklenkamp foarmet Lattrop in dûbeldoarp. Op 1 jannewaris 2023 telde it doarp tegearre mei Breklenkamp 972 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard foar it earst yn in oarkonde fan 26 juny 1272 fan 'e Utertske biskop Jan fan Nassau ûnder de namme 'Lattrope' neamd. De namme hat deselde útgong as plakken krekt oer de Dútske grins, lykas Ochtrup. Neffens guon skiedkundigen tsjut de fermelding Villa Uittorpe yn 'e tusken 933 en 966 opmakke list fan ynkomsten út de Twintske besittings fan it kleaster Werden oan 'e Roer by Essen al op it doarp Lattrop. It soe ien fan 'e stikken grûn west hawwe dy't Karel de Grutte yn 804 oan dat kleaster skonken hie.
Oant it doarp yn 1818 ûnderdiel waard fan 'e gemeente Denekamp, wie der sprake fan 'e boeremarke Lattrop, in markerjocht dêr't ek Tilligte ûnder foel. It plak Breklenkamp, dat meast yn ien sike mei Lattrop neamd wurdt, wie doe in selsstannige marke.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it doarp stiet de Oortmanmûne. Dizze mûne waard yn 1779 as pelmûne yn Tjamsweer by Appingedam boud. Dêr die de mûne sûnt 1810 tsjinst as oaljemûne. Yn 1909 waard de mûne opkocht, yn 'e winter dêrnei ôfbrutsen en mei it skip ferfierd nei Twinte, dêr't er yn Lattrop op 'e nij opboud waard ta nôtmûne. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne yn ferfal oant yn 1983 in restauraasje folge.
Stjerrewacht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt it begjin fan 'e jierren 1990 stiet yn Lattrop de 'Cosmos Sterrenwacht', foarhinne de 'Volkssterrenwacht Twente'. Hennie Gosemeijer (1923-1999) boude yn 1965 in koepel om mei syn teleskoop satelliten waar te nimmen om 't er aardichheid hie oan 'e flechten nei de moanne. Yn 1970 waard it ferboud en yn 1990 waard in nij gebou yn gebrûk nommen. It gebou hat in planetarium, in observatoarium, in filmseal, in dochseal en in Greenscreen-fotostudio. Yn 'e tún steane planten en objekten dy't te meitsjen hawwe mei tiid, planeten en stjerren. Ek stiet dêr de âlde stjerrewacht fan Hennie Gosemeijer ynklusyf in miny-eksposysje. De stjerrewacht wurdt alle jierren troch likernôch 12.000 besikers besocht. Yn 2012 is it planetarium renovearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dinkellân | ||
|---|---|---|
| Stêd: Oatmarsum | ||
| Doarpen: Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo | ||
| Buorskippen: Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke | ||
| Wetter: Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek | ||
