Laskwerd
| Laskwerd | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 65 (1 jannewaris 2025) [1] | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 18' N 6° 51' E | |
| Offisjele webside | ||
| Side stêd Appingedam | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Laskwerd op in kaart fan 'e eardere gemeente Appingedam om 1865 hinne | ||
Laskwerd is in útbuorren yn 'e gemeente Iemsdelta yn 'e provinsje Grinslân en leit justjes súdlik fan de stêd Appingedam, dêr't er ek offisjeel ûnder falt. Laskwerd leit oan de Tolweg en bestiet út in pear pleatsen en de poldermûne de Olinger Koloniemolen oan oare kant fan it kanaal De Groeve. Laskwerd hat 65 ynwenners (1 jannewaris 2025).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om Schildweg 3 en 5 hinne stie eartiids it foarwurk 't Groot Laskwerd fan it kleaster Feldwerd (yn Oldenklooster), letter ferparte yn de pleatsen Grut en Lyts Lasquerd.
Laskwerd waard foar it earst neamd as Lumscwerth yn 1295, dêrnei as Lasquert (1422), Leesquart (1491), Lutke Lasquert (1576) en Grothe lasquerdt (1597). De wierde fan Grut-Laskwerd foel fanâlds ûnder it karspel Tjamsweer, dy fan Lyts-Laskwerd ûnder Siddebuorren. De lannen leine foar in part oer de Groeve yn it Olingerhamrik en foar in part yn it Siddebuorsterhamrik.
Neffens taalkundige en dialektolooch Wobbe de Vries is de namme ôflaat fan de Aldfryske plantenamme liask (de plant iris of liis) mei de útgong -werd (wierde/terp).[2][3]
Yn 'e omkriten dêr fuortendaliks omhinne komme toponimen foar, lykas: in den Oert, bij de Plassen, De Teugen, Lange Teugen en Dwarsteugen. De namme Teugen komt fan it Aldfryske wurd tiuch, dêr't lykas by de plaknamme Tjuchem it miene lân mei ornearre waard. In part fan it gebiet lei aardich leech; yn 1597 waard der sprutsen oer zeeckere onlanden ofte hoenlanden [= healân?] van den Grove aff uuth het oosten totten Oerts wrynge [= hikke] int westen aldoe rontomme int water veel meer ende diepen nu onder water. Ek de namme Meedland (ferlykje miedlân, fier/efter leech lizzend healân) westlik fan Laskwerd docht dêroan tinken.
De kleasterpleats waard al oan 'e ein fan de midsiuwen opspjalte yn trije grutte pachtpleatsen fan elts goed 40 bunder. Yn 'e 19e iuw bestie Laskwerd noch hieltyd út trije steatlike pleatsen. In fjirde pleats lei yn it streekje Twiezel oan oare kant de Groeve. Om it gebiet better te ûntwetterjen waarden yn 'e 19e iuw twa mûnepolders ynrjochte.
De pleatsen fan Grut-Laskwerd ferhuzen om 1900 hinne nei de trochgeande dyk (de hjoeddeistige Tolweg). De midsiuwske wierde waard ferlitten, de sleatten deromhinne waarden tichtsmiten. De wierde is in argeologysk monumint.
Syl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardeastlik fan Laskwerd lei al om 1400 hinne de Buxzijl (Buczijl, ek Bocxzijl, in de Buchsell), in lytse slûs (syl) dêr't de Bolhamstersleat (ek Boerhamstersleat) út it Woldmeer troch yn de Groeve útmûne. De sleat fierde faaks ek wetter oan út Tjuchem en Siddebuorren oer it Gaarmaar. It gebiet en de bewenning njonken de slûs foelen ûnder het karspel Siddebuorren. It kleaster Easterwierrum, dat grut besit yn Siddebuorren en Oostwold hie, hie dêr yn 1598 in heerd lân fan 20 bunder.[4] Dêr kin fan ôflaat wurde dat it kleaster belang hie by it ûntwetterjen troch it slûske hinne.
De bewenners fan de Buckzijl, Bugtzijl of Buxel wurde yn de tsjerkeboeken fan Siddebuorren gauris neamd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|