Springe nei ynhâld

Larve

Ut Wikipedy
Larven fan 'e ealjebij yn it nêst.

In larve (fan it Latynske larva) is de earste libbensfaze fan in bist dat yn dy faze folslein ôfwykt fan it lettere, folwoeksen yndividu. Larven komme foar by alle amfibyen (bgl. as sturtkikkerts), in soad fiskesoarten, en by in hiel protte soarten wringeleazen, lykas ynsekten, akwatyske kreefteftigen, rankpoatkreeften, marine (en beskate yn swietwetter libjende) weakdieren, stikelhûdigen, sûchwjirms, boarstelwjirms en spûnzen. It bekendst binne larven lykwols fan 'e ynsekten, en it bekendst fan allegearre is de larve fan flinters, dy't in rûp neamd wurdt.

In protte kloften bisten folgje in karakteristike ûntwikkeling by de groei ta in folwoeksen eksimplaar, en net by alle kloften is it larvale stadium it iennichste stadium foar't de folwoeksenens berikt wurdt. By holometaboale (folslein feroarjende) ynsekten ûndergiet it yndividu in folsleine metamorfoaze (feroaring fan stal) fan in larve ta in imago (folwoeksen eksimplaar). It stadium fan 'e metamorfoaze, dat in beskate tiid yn beslach nimt, hjit it ferpopkjen. Neitiid liket de imago yn neat mear op 'e oarspronklike larve. Dat jildt net allinnich foar it uterlik, mar ek foar it ynderlik, dêr't har by it ferpopkjen totaal oare organen foarmje. Foarbylden fan sa'n folsleine metamorfoaze binne de feroaring fan stal fan rûp ta flinter, mar ek dy fan maaits ta mich of fan spekrûp ta maaituorre. Hemymetaboale (heal feroarjende) ynsekten, lykas sprinkhoannen en wantsen, meitsje in ûnfolsleine metamorfoaze troch, mei ien of mear nimfstadia, mar gjin ferpopkjen.

De larven fan fisken en amfibyen kenne alhielendal gjin metamorfoaze. By harren giet de feroaring ta folwoeksen eksimplaar stadichoan. By dy ûntwikkeling ferlieze alle amfibyelarven harren útwindige kiuwen en in part fan har sturt (by kikkerts en podden de folsleine sturt). Ek krije se in oar kleurepatroan en ûntwikkelje se longen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.