Jiskemiuw
| Jiskemiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Folwoeksen fûgel mei jong. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Larus heermanni | ||||||||||||
| Cassin, 1852 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast trekfûgel |
De jiskemiuw (Larus heermanni) is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jiskemiuwen binne middelgrutte miuwen fan 43 oant 49 sintimeter lang en in spanwiidte fan 117 oant 124 sintimeter. Se binne tige ûnderskiedend fan oare soarten yn it skaai en ha in donker lichem mei in wite kop. De boppedielen binne griisbrún en de fûgel is ûnder griis en de griisswarte sturt- en wjukfearren binne dúdlik mei in wyt puntsje oan 'e ein. De snaffel is helder read, faak mei in swarte tip, wylst de poaten swart binne en de iris donkerbrún is mei in reade orbitale ring deromhinne. Bûten it briedseizoen is de kop griizich of hat er brúnige strepen. Jonge fûgels binne effen brún en ha oant de twadde winter in bleekrôze snaffel mei in donker ein.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt op eilannen foar de kust fan West-Meksiko en Kalifornje. it grutste part fan 'e wrâldpopulaasje briedt op ien eilân, Isla Rasa, dat yn 1964 útroppen waard as reservaat. Winterdeis migrearret er sa fier noardlik as Britsk-Kolumbia, Kanada, en sa fier súdlik oant Gûatemala. De fûgel wurdt monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De jiskemiuw briedt yn tichte koloanjes op rotskusten en rotsige eilannen. Hy leit twa of trije grize aaien mei donkergrize en brune plakjes. De jiskemiuw stelt somtiden iten fan oare seefûgels, benammen fan brune pilekanen, dêr't er faak mei sjoen wurdt. It iten bestiet út lytse fisken, ynvertebraten, hagedissen, ynsekten, ôfeart en ies.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jiskemiuwen binne net bysûnder seldsum en it is net dúdlik oft de populaasje ôfnimt of net, mar om't it ferspriedingsgebiet tige beheind is, mei 90% fan 'e wrâldpopulaasje dy't op ien eilân briedt, is der in heech risiko dat de soarte yn 'e takomst bedrige wurde kin. De soarte is tige kwetsber foar in katastrofale stoarm en natuerfenomenen lykas El Niño. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as hast bedrige (Near Threatened, 2020).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
