De Lark is in sylboat út de 20-er jierren, makke troch Snitsers Johannes Oly en L. van der Wey. De oarsprong fan it ûntwerp komt lykwols út de Feriene Steaten.[1] It wie krisistiid, en selsbou wie de ienichste manier om sels oan in boat. Dat, de Lark is simpel boud: breed en mei in fêste kiel, wat in grutte stabiliteit joech. Lykwols wie er mar 4 meter, mei 11 kwadraat seil, dat der siet wol faasje yn. Bierbrouwer Korthals Altes liet Larken bouwe as wurkferkskaffing, dat op it lêst wie de boat sa ferneamd dat it Noard-Nederlânske Wettersport-Bûn it in ofsjele, beheinde klasse makke [1].
De boat hat in foar: op binnenwetter is it in tige flugge boat. De boat hat lykwols ek in tsjin: by wyld wetter kin de boat it wetter skeppe, of sels hielendal ûnder gean. Mei it opkommen fan de plastik boaten rekke de Lark út de graasje. Fan 2004 ôf, is der lykwols wer belangstelling foar de Lark.[2]