Lantica Studios
| Lantica Studios | ||
| algemien | ||
| hist. namme | Pinewood Indomina Studios Pinewood Dominican Republic Studios | |
| nasjonaliteit | ||
| type | privaat | |
| sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
| fêstige yn | Juan Dolio | |
| oprjochte | 2013 | |
| eigner | Lantica Media | |
| offisjele webside | ||
| www.lanticastudios.com | ||
| kaart | ||
Lokaasje yn 'e Dominikaanske Republyk
| ||
De Lantica Studios binne in film- en tillefyzjestudiokompleks yn 'e Dominikaanske Republyk. Foarhinne stie dit studiokompleks bekend as de Pinewood Indomina Studios of de Pinewood Dominican Republic Studios. It waard fan 2011 ôf boud[1][2][3] en yn 2013 yn gebrûk nommen.[4] De Pinewood Group, útbater fan ferskate studiokompleksen ferspraat oer de wrâld, beëinige syn belutsenens by dit kompleks yn 2024. It kaam dêrnei folslein yn 'e hannen fan Lantica Media en krige syn hjoeddeistige namme. De Lantica Studios binne it grutste filmstudiokompleks yn it Karibysk Gebiet.[5]
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lantica Studios steane yn Juan Dolio,[1][3][5][6] in doarp mei 2.500 ynwenners yn 'e provinsje San Pedro de Macoris, oan 'e súdkust fan it eilân Hispanjoala.[7] Dat is yn it súdeasten fan 'e Dominikaanske Republyk, op in ôfstân fan likernôch 50 km beëasten de haadstêd, Santo Domingo.[2][7]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2010[8] besleat de Britske Pinewood Group, dy't ferskate film- en tillefyzjestudiokompleksen útbaat yn û.o. Ingelân, Wales, Kanada en Maleizje, om mei de Amerikaansk-Dominikaanske Indomina Group yn see te gean[1][2] om in nij studiokompleks te bouwen yn in Latynsk-Amerikaansk lân. Der waard keazen foar de Dominikaanske Republyk as lokaasje fanwegen de foardielige belestingregels dy't dat lân hie om 'e opnamen fan films en tillefyzjesearjes dêrhinne te lokjen.[1][4] Mei it nije kompleks woe men foldwaan oan in ferlet fan 'e groeiende filmyndustry yn it Karibysk Gebiet, Midden-Amearika en Súd-Amearika, en tagelyk de Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood skewielje.[1][2]
De bou fan it studiokompleks, dat de Pinewood Indomina Studios kaam te hjitten,[1] sette op 23 febrewaris 2011 útein.[1][3] Dêrfoar krige de Pinewood Group in liening ter grutte fan $22 miljoen ûnder foardielige betingsten fan 'e Wrâldbank, foar de ferbettering fan 'e Dominikaanske ekonomy.[3] Der waard rûsd dat de oanlis fan it studiokompleks tusken de $30 en $50 miljoen koste.[1]
It kompleks bestie ynearsten út 5.000 m² oan soundstages en 15.000 m² oan ûnderstypjende fasiliteiten.[1][2] It wie de bedoeling dat it kompleks begjin 2012 yn gebrûk nommen wurde soe,[1][2] mar dat rûn mear as in jier fertraging op.[4] Presidint Danilo Medina fan 'e Dominikaanske Republyk iepene op 10 juny 2013 formeel de wettertank fan it studiokompleks, dy't oanlein wie foar it ferrjochtsjen fan ûnderwetteropnamen.[4] De tank waard fuortendaliks yn gebrûk nommen, hoewol't de bou fan it studiokompleks pas oan it begjin fan 2014 folslein ôf wie.[4][8]
Yn 2021 waard der $248 miljoen ynvestearre yn 'e opnamen fan (dielen fan) films en tillefyzjesearjes yn 'e Pinewood Indomina Studios. Dêrnjonken wiene der dat jiers 133.000 hoteloernachtings yn 'e Dominikaanske Republyk fan leden fan casts en crews foar it ferrjochtsjen fan sokke opnamen.[6]
Op 1 april 2024 waard bekendmakke dat de Pinewood Group him per 31 maart fan dat jier weromlutsen hie út 'e gearwurking mei de Indomina Group en de Pinewood Indomina Studios.[8] It studiokompleks soe fierder gean as folslein eigendom fan Lantica Media,[8] de mearderheidsoandielhâlder yn 'e Indomina Group,[6] en soe tenei bekendstean as de Lantica Studios.[8]
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lantica Studios binne oanlein op in backlot mei in oerflak fan 14 ha.[1] It kompleks omfiemet 3 soundstages[5] mei in mienskiplik oerflak fan 6.882 m²,[3] en in fasiliteit fan 3,2 ha mei in bûtendoarwettertank mei in oerflak fan 5.6261/2 m², in ynhâld fan 75 m by 75 m, in natuerlike oseaanhorizon oer de Karibyske See en bluescreenmooglikheden.[1][2][3][5] Dêrnjonken binne der 4.650 m² oan ûnderstypjende fasiliteiten,[3][5] lykas kantoaren,[4] wurkplakken foar de fabrikaazje fan dekôrstikken,[4], klaaikeamers,[5] fasiliteiten foar fisazjy en hierstilearring,[5] catering,[5] in waskerette[5] en oare nedichheden.[5]
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarne: en:List of Pinewood Studios Productions.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Lantica Studios opnommen binne:
- XXX: Return of Xander Cage (2017)
- 47 Meters Down (2017)
- If Beale Street Could Talk (2018)
- 47 Meters Down: Uncaged (2019)
- Old (2021)
- The Lost City (2022)
- Shotgun Wedding (2022)
- Nyad (2023)
- Road House (2024)
Tillefyzjesearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The I-Land (2019)