Langsturtparkyt
Langsturtparkyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Psittacula longicauda | ||||||||||||
Boddaert, 1783 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
De langsturtparkyt (Psittacula longicauda) is in pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).
Omskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langsturtparkyt is in 42 sm lange pappegaaiefûgel mei, lykas de namme seit, in relatyf lange sturt. De fûgel ûnderskiedt him fan syn neiste sibben troch de kombinaasje fan rôzereade wangen, in griene krún, swarte streken tusken de eagen en op it kin, in griisgriene nekke en mantel, in blaugriene stút en blauwe sturtfearren. It wyfke hat minder read en in grienere kop en it swart is minder oanwêzich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet op 'e Andamanen, Maleizje, Sumatra en Borneo. De fûgels ha in foarkar foar kustgebieten lykas mangroves, sompebosken en boskrânen oant in hichte fan 300 m. De fûgel is ek te sjen op plantaazjes en yn parken en tunen, dêr't er iten siket, mar foar it brieden is de fûgel ôfhinklik fan bosk. De fûgels binne net honkfêst en kinne ynienen yn grutte groepen earne wêze en dêrnei wer foar in pear jier ferdwine.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langsturtparkyt is te ferdielen yn fiif ûndersoarten:
- P. l. tytleri: de Andamanen en Kokoseilannen.
- P. l. nicobarica: de Nikobaren.
- P. l. modesta: Enggano (tichteby súdwestslik Sumatra).
- P. l. longicauda: Súd-Maleizje, Borneo, Sumatra, Nias en Banka.
- P. l. defontainei: de Natuna-eilannen (tichteby westlik Borneo).
De ûnderstoarten P. l. tytleri en P. l. nicobarica binne morfologysk en fokaal ferskillend fan inoar en fan alle oare ûndersoarten en kinne mooglik twa aparte soarten fertsjintwurdigje. Dy opfetting wurdt troch in resinte stúdzje, dy't ha wol dat de hjoeddeiske ynterne taksonomy de soarte polyfyletysk makket. Dy resultaten ha lykwols noch net ta taksonomyske feroarings laat (sitewaasje 2025).[1]
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e soarte, mar yn in part fan syn ferspriedingsgebiet is de fûgel algemien oant sels talryk (Brûnei). Oannommen wurdt dat de soarte fan it kappen fan bosken en it fangen fan 'e fûgel foar de hannel slim te lijen hat. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|