Langsturtmiezen

Ut Wikipedy
Langsturtmiezen
Wytkoplangsturtmies (Aegithalos caudatus caudatus)
Wytkoplangsturtmies (Aegithalos caudatus caudatus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: (Sylvioidea)
famylje: langsturtmiezen (Aegithalidae)
Reichenbach, 1850

De langsturtmiezen (Aegithalidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De famylje telt sa'n 13 soarten ferdield oer 3 skaaien. It binne lytse fûgeltjes fan 9-15 cm mei in lange sturt. Troch harren lange sturt binne se net de lytste fûgeltjes op ierde. De langsturtmiezen libje yn Jeraazje en de measte yn Midden-Aazje; allinnich de strûkmies is in Amerikaanske soarte. De 'gewoane' langsturtmies briedt ek yn Nederlân en Fryslân.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsturtmiezen binne gjin 'echte' miezen (Paridae), en binne ek net nau besibbe mei de miezen. Se wurde ta de boppefamylje fan de Sylvioidae rekkene, wêrta de 'echte' miezen neffens resinte ynsichten net hearre.

De 13 soarten fan de langsturtmiezen binne de foljende:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]