Langsturtmarmot

Ut Wikipedy
langsturtmarmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota caudata
Geoffroy, 1844
IUCN-status: net bedrige

De langsturtmarmot of reade marmot (Latynske namme: Marmota caudata) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn Sintraal-Aazje.

Fersprieding en biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e langsturtmarmot omfiemet dielen fan Kazachstan, Kirgyzje, Tadzjikistan, Oezbekistan, Afganistan, Pakistan, Yndia en Sina, dêr't dizze soarte libbet yn 'e berchgebieten fan 'e Hindoekûsj, de Karakoram, it westen fan 'e Kunlun, de Pamir, de Altai en it westen fan 'e Tjensjan-bergen. Yn 'e regel komme langsturtmarmotten foar op in hichte fan tusken de 1.400 en 4.800 m. Se jouwe de foarkar oan tuskenbeiden gerslân. De grutste populaasjes befine har op 'e heechberchtmesteppes fan 'e Altai en de heechberchtmewoastyn fan 'e eastlik Pamir.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsturtmarmot wurdt troch soölogen benammen as in aparte soarte ûnderskaat op grûn fan 'e genitale bonken: it penisbonkje hat by langsturtmarmotten in folle yngewikkelder struktuer as by oare marmottesoarten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.