Springe nei ynhâld

Langsturtielgoes

Ut Wikipedy
langsturtielgoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljeielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaaidwerchielguozzen (Microcarbo)
soarte
Microcarbo africanus
Gmelin, 1789
IUCN-status:

De langsturtielgoes (Microcarbo africanus) is in fûgel út de famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae). De langsturtielgoes briedt yn in grut part fan Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar.

Net-briedende langsturtielgoes.

Dit is in lytse ielgoes fan 50 oant 55 sintimeter lang mei in spanwiidte fan 80 oant 90 sintimeter. Yn it briedkleed is er benammen swart mei in griene glâns. De wjukdekfearren binne sulvereftich. Hy hat in frij lange sturt (dêrfandinne de namme), in koart túfke op 'e kop en in read of giel plak op it gesicht. De snaffel is giel.

Mantsjes en wyfkes sjogge der itselde út, mar folwoeksen fûgels bûten it briedseizoen en juvenilen binne bruner, mei in wite búk. Guon súdlike populaasjes hâlde it túfke it hiele jier troch.

Fersprieding en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsturtielgoes waard yn 1789 formeel beskreaun troch de Dútske natuerûndersiker Johann Friedrich Gmelin yn syn fannijs besjoene en útwreide edysje fan Carl Linnaeus syn Systema Naturae. Hy dielde de soarte yn it skaai Pelecanus yn en betocht de bynominale namme Pelecanus africanus. De langsturtielgoes is tsjintwurdich ien fan 'e fiif soarten yn it skaai dwerchielguozzen (Microcarbo), dat yn 1856 yntrodusearre waard troch de Frânske natuerûndersiker Charles Lucien Bonaparte.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • M. a. africanus (Gmelin, JF, 1789) – yn it binnenlân en oan 'e kusten fan Afrika besuden de Sahara.
  • M. a. pictilis (Bangs, 1918) – Madagaskar (benammen it westen).

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien.

De fûgel briedt yn swietwettergebieten (sompen) of oan rêstige kusten. Langsturtielguozzen foerazjearje meast yn ûndjip wetter op langwerpige fisken en somtiden ek kikkerts, wringeleaze dieren en lytse fûgels. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaien yn in nêst yn in beam of op 'e grûn, dat dan meastentiids ferside sit tusken heech gers.

Der wurde twa oant fjouwer aaien lein yn in nêst yn in beam of op 'e grûn, meastentiids ferskûle foar it each troch heech gers.

Dit is in algemiene soarte mei in grut ferspriedingsgebiet, dy't net as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje wurdt op 134.000 oant 802.000 folwoeksen fûgels rûsd (Wetlands International 2023).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: