Springe nei ynhâld

Langsnaffelwylp

Ut Wikipedy
Langsnaffelwylp
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaiwylpen (Numenius)
soarte
Numenius americanus
Gmelin, 1789
IUCN-status:

De langsnaffelwylp (Numenius americanus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen. Hy briedt op 'e Noardamerikaanske prêrje en oerwinteret oan 'e kusten yn it suden fan 'e Feriene Steaten, Sintraal-Amearika en West-Ynje. De populaasje wurdt as stabyl beskôge.

Lykas de namme seit hat dizze wylp in tige lange snaffel, benammen by folwoeksen wyfkes. Dochs kinne juvenilen in snaffellingte hawwe dy't ferlykber is mei dy fan de wetterwylp. Fan 'e nei ûnder bûge snaffel is de boppeste helte donker en de ûnderste helte by de basis rôze en nei de punt ta donker. Neffens foarm liket de soarte op 'e wylp, mar hy is wat robúster en hat bredere wjukken. Hy mjit 58 sintimeter yn lingte, hat in wjukspanwiidte fan 88 sintimeter en weaget likernôch 590 gram.

Fûgel mei iepen wjukken.

It fearrekleed docht tinken oan dat fan 'e moarmerskries. De langsnaffelwylp hat in ljochte, sânkleurige búk en ûnderbúk; syn boarst, hals en kop binne griis en bêzje streke en syn boppedielen binne donkerder griisbrún mei gruttere ljochte plakken. Hy hat in swakke donkere eachstreek, in donkerbrún each en ljochtgrize poaten. De ûnderwjukken en dekfearren binne kaniel- oant rustkleurich; dit is iy hiele jier troch in opfallend kenmerk dat goed te sjen is yn 'e flecht.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langsnaffelwylp briedt yn Noard-Amearika fan 'e sintrale dielen nei it westen ta. It is in trekfûgel op koarte ôfstân, dy't oerwinteret yn it suden fan 'e Feriene Steaten, Sintraal-Amearika en de West-Ynje. Oars as hast alle oare Amerikaanske steltrinners is er noch net yn Jeropa waarnommen.

De soarte wurdt faak ferdield yn twa ûndersoarten:

Oaren beskôgje de soarte as monotypysk, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten wurde ûnderskieden. Genetyske stúdzjes litte sjen dat de langsnaffelwylp in sustersoarte is fan 'e (Jeropeeske) wylp en syn sibben, de dwerchwylp en de mooglik útstoarne Numenius tenuirostris.

Brieden en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêst.

De fûgel bout syn nêst op 'e prêrje en leit fuort op 'e grûn. De langsnaffelwylp leit trochstrings fjouwer aaien en beide âlden fersoargje de piken.

De langsnaffelwylp wurdt faak op fjilden sjoen dêr't er nei iten siket; hy hapt nei ynsekten of siket iten yn 'e grûn troch syn lange snaffel yn 'e grûn te stekken. Hy hâldt him ek op flakke kusten op, dêr't er benammen lytse kreefteftigen yt.

Status en bedrigings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De populaasje naam yn 'e 19e iuw sterk ôf troch de jacht, mar hat him sûnt de jierren 1980 wat wersteld. De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: