Langhierrige rôt
| langhierrige rôt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rattus villosissimus | ||||||||||||
| Waite, 1898 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De langhierrige rôt (wittenskiplike namme: Rattus villosissimus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is endemysk op it fêstelân fan Austraalje. De langhierrige rôt stiet bekend om syn populaasje-eksploazjes, dy't grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet beslaan kinne. It bist wurdt dêrom ek wol de pleachrôt neamd. It measte ûndersyk nei dit bist is ferrjochte wylst sokke populaasje-eksploazjes geande wiene, en sadwaande is winliken net in soad bekend oer syn biology en ekology by normale populaasjenivo's. De langhierrige rôt is oan 'e lytse kant foar in echte rôt. It is in nachtdier dat op 'e grûn libbet en wierskynlik in fierhinne herbivoar dieet hat. De IUCN klassifisearret de langhierrige rôt as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langhierrige rôt is endemysk op it fêstelân fan Austraalje, mar de krekte fersprieding is frijwat fariabel. By normale omstannichheden beslacht it areaal fan dit bist it westen fan 'e steat Queenslân, it uterste noardeasten fan Súd-Austraalje, it grutste diel fan it Noardlik Territoarium (útsein de súdwestlike hoeke en it tropyske Top End en Arnhimlân yn it uterste noarden), en it binnenlân fan 'e Kimberley-regio yn it noarden fan West-Austraalje. As der in populaasje-eksploazje geande is, wreidet de langhierrige rôt syn fersprieding út oer noardlik West-Austraalje, de súdwesthoeke fan it Noardlik Territoarium, sintraal Queenslân, it grutste diel fan Súd-Austraalje en it noardwesten fan Nij-Súd-Wales.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langhierrige rôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 16,7–18,7 sm, mei in sturtlingte fan 14–15 sm. De mantsjes binne justjes grutter as de wyfkes. Dat skeelt mar in pear sintimeter, mar yn it gewicht is it ferskil folle grutter: mantsjes weagje yn trochsneed 156 g, wylst wyfkes mar 112 g weagje.

Mank de rottesoarten dy't yn Austraalje foarkomme, kin de langhierrige rôt ûnderskaat wurde troch de tige lange, rûge boppehierren, dy't in beskermjende bûtenlaach om it sêftere ûnderhier hinne foarmje. De pels is ornaris grizich oant brunich fan kleur, wêrby't de swarte boppehierren de yndruk fan in swart bespikkele patroan jouwe. De rêch is it dûnkerst en oer de siden hinne skaait de kleur hieltyd ljochter út oant er op 'e bealch ljochtgriis wurden is.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langhierrige rotten binne thús op mei gerzen en krûden begroeide flakten yn tuskenbeiden, steppe-, woastyn- en subtropyske klimaten deunby oerflaktewetters. By in populaasje-eksploazje kinne se lykwols oantroffen wurde yn lykfol hokker natuerlik biotoop, en teffens op kultuerlân lykas ikkers beplante mei gewaaksen as sorgum en hjouwer, op pleatsen en yn bygebouwen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langhierrige rôt is in nachtdier wêrfan't de mjitte fan aktiviteit lykop skynt te gean mei de hoemannichte moanneljocht. It is in soarte dy't syn hiele bestean op 'e grûn libbet. De langhierrige rôt bejout him wol op iepen terrein, mar bliuwt deunby tichte, opgeande fegetaasje om yn gefal fan need beskûl sykje te kinnen. Langhierrige rotten grave ûndergrûnske hoalen, dêr't se 80% fan 'e tiid yn trochbringe. It grutste part fan 'e aktiviteit boppe de grûn fynt deun by de hoale plak. De hoalen rinne yn kompleksiteit útinoar fan in ienfâldige ûndergrûnske gong mei in iepening oan ien kant, ta struktueren mei 20 m oan inoar krusende tunnels dy't nei ferskate 'keamers' liede.
De langhierrige rôt hat gjin fêste peartiid, mar kin him it hiele jier rûn fuortplantsje, salang't de beskikberens fan fretten dat talit. Nei in draachtiid fan 22–24 dagen smyt it wyfke in nêst fan 5–10 jongen. Dy wurde blyn, keal en helpleas berne en binne de earste pear wiken foar fersoarging folslein fan 'e mem ôfhinklik. Se ûntjouwe har lykwols tige fluch. Mei 70 dagen (10 wiken) binne se geslachtsryp. By populaasje-eksploazjes kinne langhierrige-rottewyfkes lykwols eltse 3 wiken in nij nêst fan wol 12 jongen produsearje.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dieet fan 'e langhierrige rôt wurdt troch soölogen noch net alhiel trochgrûne. It tinken is dat it foar it meastepart herbivoar is en bestiet út 'e stâlen, blêden en woartels fan gerzen, krûden en fetplanten, oanfolle mei sieden en ynsekten. Op kultuerlân frette se ek lânbougewaaksen, lykas kantalûps en sinneblommen. Mar bytiden liket de langhierrige rôt syn herbivoare dieet te ferruiljen foar in karnivoar en soms sels kannibalistysk menu. Dat hat wierskynlik op 'e iene of oare manear te krijen mei de geregeldwei foarkommen populaasje-eksploazjes.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e langhierrige rôt binne beskate soarten slangen, lykas de ynlânske taipan (Oxyuranus microlepidotus), ûlen, lykas de eastlike goudûle (Tyto javanica), en rôffûgels, lykas de letterglee (Elanus scriptus). Teffens stiet er op it menu fan 'e kjimsturtbûdelrôt (Dasyuroides byrnei), de dingo (Canis lupus dingo) en ferskate troch de minske yn Austraalje yntrodusearre eksoaten, lykas de foks (Vulpes vulpes) en de ferwyldere hûskat (Felis catus).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langhierrige rôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Bouboeren beskôgje dit bist as skealik ûngedierte, mar de bestriding is fergunningsplichtich en bûn strange betingsten. Tastiene en oanfitere bestridingsmetoaden binne, njonken fergiftiging, bygelyks it stean litte fan net-rispe lânbougewaaksen op guon ikkers, yn 'e hoop dat dêrtroch de rest fan 'e rispinge sparre wurdt, en it oanlokjen fan ûlen en rôffûgels troch û.m. it pleatsen fan nêstkasten.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langhierrige rôt wurdt beskôge as in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

