Springe nei ynhâld

Langeneß (gemeente)

Ut Wikipedy
Langeneß / Nees
Lokaasje fan 'e gemeente Langeneß (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje fan 'e gemeente Langeneß (read) yn Noard-Fryslân.
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtPellworm
Sifers
Ynwennertal118 (31.12.2024)[1]
Oerflak11,57 km²
Befolkingsticht.10 ynw./km²
Hichte1 m
Oar
Postkoade25863, 25867
Offisjele webside
www.langeness.de
Kaart
Langeneß (Sleeswyk-Holstein)
Langeneß

Langeneß (Noardfrysk: Nees; Deensk: Langenæs) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket gear mei oare gemeenten yn it amt Pellworm en telt 118 ynwenners (2024).

It gemeentegebiet bestiet njonken Langeneß ek út it eilân Oland. De measte ynwenners fan 'e gemeente wenje op Langeneß ferspraat oer 17 terpen.

Foar de Burchardifloed fan 1634 foarmen de halligen Langeneß, Oland en oare lân tegearre it gruttere eilân Alt-Langeneß.

Yn it jier 1802 bestie it hjoeddeiske Langeneß noch út trije losse eilannen: Langeneß (yn it easten), Butwehl (yn it súdeasten) en Nordmarsch (yn it westen). Troch it oanlizzen fan dammen en pealrigen binne dizze trije dielen yn kombinaasje mei natuerlike oanslibbing oant it jier 1869 oan inoar groeid. De oarspronklike namme fan it gearfoege eilân wie doe Nordmarsch-Langeneß. Butwehl is mooglik it eilân Hwäler dat yn it Grûnboek fan Waldemar neamd wurdt.

Feroaring fan it oerflak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Westlike punt fan Langeneß.

Langeneß is troch de iuwen hinne hieltyd lytser wurden. Foar de wettersneed fan 1825 waarden der noch 70 huzen en 187 ynwenners teld. Yn 1850 stiene der op 14 terpen (Warften) noch 50 huzen, en yn 1905/06 wie dat oantal sakke nei 30 huzen. Yn 1873 wie it eilân noch 1.179 bunder grut, mar nei in mjitting yn 1882 wie dêr noch mar 1.025 bunder fan oer. Hjoed-de-dei is Langeneß mei in lingte fan ± 10 km, in breedte fan maksimaal 1.400 meter en in folslein oerflak fan 956 bunder it grutste eilân fan 'e Halligen. It oanbuorjende eilân Oland is likernôch 2,9 km lang en oant 980 meter breed.

Bestjoerlike skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1941 waarden de oant doe ta selsstannige gemeenten Nordmarsch (de eardere Hallig Nordmarsch), Langeneß (de eardere Halligen Langeneß en Butwehl) en Oland gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Langeneß. Omdat de gemeente gjin eigen gemeentehûs hat en ûnder it Amt Pellworm falt, wurdt it plak bestjoerd út Pellworm wei.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje