Langeais
Appearance
| Langeais | ||
| Kastiel fan Langeais | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Sintrum-Loiredelling | |
| Departemint | Indre-et-Loire | |
| Arrondissemint | Chinon | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 4.367 (2023)[1] | |
| Oerflak | 64,55 km² | |
| Befolkingsticht. | 68 ynw./km² | |
| Hichte | 36-109 m | |
| Offisjele webside | ||
| www.langeais.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Langeais (útspr.: [lɑ̃ʒɛ],
beharkje) is in gemeente yn it Frânske departemint Indre-et-Loire (regio Sintrum-Loiredelling). De gemeente makket diel út fan it arrondissemint Chinon.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langeais wie al yn 'e iere midsiuwen bewenne en de delsetting ûntwikkele him fral sûnt de 10e en 11e iuw om in kastiel hinne. Langeais leit oan 'e noardlike igge fan 'e Loire wat fan it plak in strategyske lokaasje makke by konflikten tusken hearskers.
De gemeente fusearre op 1 jannewaris 2017 mei de gemeente Les Essards. Fan dy nije gemeente is Langeais it haadplak.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Kastiel fan Langeais.
- It kastiel fan Langeais (Château de Langeais) is it meast belangrike monumint fan it stedsje en spilet in sintrale rol yn 'e skiednis fan Langeais. Yn desimber 1491 waard yn it kastiel it houlik fan kening Karel VIII fan Frankryk en Anne fan Bretanje sletten. Dat houlik wie fan grut belang om't it de bân tusken de Frânske kroan en Bretanje ferstevige.
- De Sint-Jehannes de Dopertsjerke (Église Saint-Jean-Baptiste) waard yn ferskillende fazes tusken de 11e en 19e iuw boud.
- De Sint-Laurentiustsjerke (Église Saint-Laurent) is in ienfâldige romaanske tsjerke út 'e 11e iuw.
- It Hûs fan Rabelais (Maison de Rabelais) is in renêssânse hûs dêr't neffens de tradysje de Frânske skriuwer François Rabelais wenne hat.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brêge by Langeais.
- Kastiel.
- Jehannes de Dopertsjerke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
