Lana Del Rey


Lana Del Dey, bertenamme Elizabeth Woolridge Grant (21 juny 1985, New York), is in Amerikaansk sjongster en lietsjeskriuwer. Sy is ien fan 'e bêstferkeapjende artysten en ien fan 'e meast ynfloedrike artysten fan har generaasje. [1]
De muzyk fan Lana Del Rey is basearre op in mjuks fan Indiepop en Alternative, wêryn't se oare stilen ferwurke. [2]Har muzyk wurdt faak 'Hollywood Sadcore' neamd, om't se yn har teksten tema's as leafde, iensumens en de Amerikaanske dream besjongt. Har styl ferwiist nei Americana út de jierren 1950 en 1960.
Del Rey begûn har karriêre yn 2007 ûnder de namme Lizzy Grant en brocht har earste album Lana Del Ray a.k.a. Lizzy Grant út yn 2010. Har ynternasjonale trochbraak kaam mei it nûmer Video Games (2011) en har twadde studioalbum Born to Die, dat ien fan de bêst ferkochte albums fan 2012 wie. Sûnt dy tiid hat se noch sân albums útbrocht, dy't ek allegear topposysjes yn de hitlisten berikt hawwe.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lana Del Ray (2010)
- Video Games (2011)
- Born to Die (2012)
- Ultraviolence (2014)
- Honeymoon (2015)
- Lust for Life (2017)
- Norman Fucking Rockwell! (2019)
- Chemtrails over the Country Club (2021)
- Blue Banisters (2021)
- Did You Know That There's a Tunnel Under Ocean Blvd (2023)
- Stove (2026)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
