Prachtglânsstaar
| Prachtglânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis splendidus | ||||||||||||
| Vieillot, 1822 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De prachtglânsstaar of prachtglânsprotter (Lamprotornis splendidus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 27 oant 30 sm lange fûgel hat in blaugrien glânzgjend fearrekleed mei in pearse kiel en boarst. De soarte hat in brede swarte bân op 'e wjukken en sturt en in krêmwyt each. Jonge fûgels binne doffer en ha in donker each.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn groepkes heech yn 'e beammen, gallerijbosken en groepen beammen op savannes. Se wurde ek op lânbougrûn en yn tunen waarnommen. Grutte groepen wurde waarnommen yn fruitbeammen.
- Lamprotornis splendidus chrysonotis – komt foar fan Senegal en Gambia oant Togo.
- Lamprotornis splendidus splendidus – komt foar fan it suden fan Benyn oant noardwestlik Angoala, Etioopje en Sambia.
- Lamprotornis splendidus lessoni – komt foar op Bioko (Golf fan Guinee).
- Lamprotornis splendidus bailundensis – komt foar fan sintraal Angoala oant Sambia en súdeastlik Kongo-Kinsjasa.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn iten bestiet benammen út fruit, mar ek ynsekten en sa út en troch oare bisten lykas kikkerts, hagedissen en slakken. Yn West-Afrika briedt er tusken desimber en maaie, yn Gabon tusken jannewaris en maart.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet. Om't it ûnbekend is hokker gefolgen feroaringen yn it lânskip foar de soarte ha, is it dreech om in trend fêst te stellen. Der bestiet gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar wurdt ôfhinklik fan it seizoen as talryk omskreaun en it ferspriedingsgebiet is grut. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel as net bedrige (LC, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Glânsstaar
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
