Springe nei ynhâld

Blauwe langsturtglânsstaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lamprotornis purpuropterus)
Blauwe langsturtglânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis purpuropterus
Rüppell, 1845
IUCN-status: net bedrige

De blauwe langsturtglânsstaar of blauwe langsturtglânsprotter (Lamprotornis purpuropterus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

In langsturtglânsstaar yn Uganda.

De likernôch 35 sm grutte fûgel hat donkerblauwe en fiolette glânzgjende fearren. De kop is swart en de eagen binne hiel ljochtgiel oant ivoarkleurich. De snaffel en de poaten binne donkergriis. De fûgel hat in hiele lange sturt yn ferlikening mei oare soarten yn it skaai, dy't subtyl bandearre is.

De juvenilen binne lykas folwoeksen fûgels, mar doffer en de eagen binne wat donkerder.

It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit yn Sintraal- en East-Afrika. De noardlike grins leit yn Sûdan, de súdlike yn Tanzania en de westlike yn 'e Demokratyske Republyk Kongo. De fûgel libbet yn bosken, savannes en op kultuerlân fan seenivo oant 2000 m heech.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • Lamprotornis purpuroptera purpuroptera: sintraal en súdlik Etioopje, noardeastlik fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Uganda, Kenia, súdlik Somaalje, Rûanda, Boerûndy en noardlik en westlik Tanzania.
  • Lamprotornis purpuroptera aeneocephalus: súdeastlik Sûdan, Súd-Sûdan, noardwestlik Eritreä en westlik Etioopje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is it meast yn pearkes te sjen, dy't fral op 'e grûn omskarrelje. It sjongen is in lang, kompleks en lûd triljen mei sawol skerpe as sêfte toanen. De fûgel kin de sang fan oare fûgels neidwaan.

It ferspriedingsgebiet is grut mar de trend fan 'e soarte is net bekend. Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de fûgel soe algemien foarkomme. De Ynternasjonale Uny ta it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de soarte as net bedrige (LC, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: