Prinsipeglânsstaar
| Prinsipeglânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis ornatus | ||||||||||||
| Daudin, 1800 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Prinsipeglânsstaar of Prinsipeglânsprotter (Lamprotornis ornatus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Prinsipeglânsstaar is in grutte, donkere protter. Sûnder in soad ljocht liket de soarte swart, mar yn goede ljochtferhâldingen binne pearse, griene, blauwe en koperkleurige irisaasjes te sjen. De boppedielen glângzje it meast, wylst de ûnderkant doffer is en swarteftich liket mei brûnzen aksinten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk fan Sao Tomee en Prinsipe, mar komt allinnich op it eilân Prinsipe foar. It habitat fan 'e fûgels bestiet út subtropyksk en tropysk leechlânbosk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e oantallen en likemin is der bekend hoe't de trend is fan 'e soarte, om't it net bekend is hoe't de fûgel op feroaringen yn it lânskip reägearret. Der wurdt lykwols troch de IUCN fanút gien dat de soarte net bedrige (LC, 2018) wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
