Hildebrandtglânsstaar
| hildebrandtglânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis hildebrandti | ||||||||||||
| Cabanis, 1878 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De hildebrandtglânsstaar of Hildebrandts glânsstaar (Lamprotornis hildebrandti), ek: hildebrandtglânsprotter of Hildebrandts glânsprotter, is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). De namme ferwiist nei de Dútske natuerûndersiker Johann Maria Hildebrandt.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De boarstfearren, de kiel, de kop, de rêch, de boppekant fan 'e wjukken en de sturt fan 'e folwoeksen fûgels binne donkerblau glânzgjend. De búk is readbrún, lykas ek de ûnderkant fan 'e wjukken. De reade eagen binne opfallend. De snaffel en poaten binne griis. De fûgel kriget in lingte fan likernôch 19 sm en in gewicht fan 57 gram. De Shelleyglânsstaar is nau besibbe oan 'e Hildebrandtglânsstaar.
It fearrekleed fan juvenilen is bleker en doffer, sûnder de blauwe kleur op it boarst en de kiel. De eagen binne donkerbrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn it easten fan Afrika foar fan it noardeasten fan Tanzania oant yn Sintraal-Kenia. It habitat fan 'e fûgel is iepen bosk en savanne op in hichte fan 500 oant 2200 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt meastentiids yn pearkes of lytse kloften waarnommen, somtiden mei trijekleurige glânsstaren. It iten bestiet út ynsekten lykas krobben, imerkes, sprinkhoannen en fruit en sied, dy't er op 'e grûn siket. Hildebrandtglânssta briede yn beamholtes en lizze trije oant fjouwer aaikes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje soe stabyl wêze en de fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2024) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
