Springe nei ynhâld

Griisboarstglânsstaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lamprotornis fischeri)
griisboarstglânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis fischeri
Reichenow, 1884
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De griisboarstglânsstaar of griisboarstglânsprotter (Lamprotornis fischeri, earder: Spreo fischeri) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Griisboarstglânsprotters mei trijekleurige glânsstaren.

De griisboarstglânsstaar is in protter mei in ljochtgrize kop, in wyteftige kroan en in ljocht each, dat kontrastearret mei it swart tusken de snaffel en it each. De boppedielen binne brúngriis mei in swakke griene en blauwe irisaasje. It boarst is brúngriis en de búk is witich, mei op'e flanken donkere plakken. Yn 'e flecht binne der grutte wite plakken oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken te sjen.

De fûgel libbet fan Súd-Etioopje en Súd-Somaalje oant eastlik Kenia en noardeastlik Tanzania en wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

Harren habitat bestiet út drûge savannes, lânbougebieten en om stêden en doarpen hinne. Se binne faak yn groepen mei oare soarten te sjen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny ta Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de soarte as net bedrige (LC).

De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is in earbetoan oan Gustav Adolf Fischer (1848-1886), in Dútske arts, ûntdekkingsreizger en samler fan bisten, dy't fan 1876 oant 1886 aktyf wie yn tropysk Afrika.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: