Lytse blau-earglânsstaar
| Lytse blau-earglânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis chloropterus | ||||||||||||
| Swainson, 1838 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lytse blau-earglânsstaar of lytse blau-earglânsprotter (Lamprotornis chloropterus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant in taksonomyske feroaring yn 2025 wie de fûgel neffens de noardlike en de súdlike fersprieding yn twa soarten ferdield. De noardlike lytse blau-earglânsstaar is sûnt de nominaatfoarm en de súdlike lytse blau-earglânsstaar is dêr in ûndersoarte fan.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt trochstrings 18 sm lang en weaget 63 oant 86 gram. It is in relatyf lytse glânsstaar mei in koarte sturt. De fûgel is foar it grutste part glânzgjend blaugrien. In lyts donker masker omfiemet it each, dat somtiden swart en somtiden pears liket. It each sels hat in oranje oant giele iris. De soarte liket in soad op 'e grutte blau-earglânsstaar, mar is lytser en hat in koartere sturt.
Fersprieiding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grutte fersprieding yn Afrika ûnder de Sahara. Der binne twa ûndersoarten::
- Lamprotornis chloropterus chloropterus: fan Senegal en Gambia oant Eritreä, Etioopje en Kenia.
- Lamprotornis chloropterus elisabeth: fan Tanzania oant Simbabwe.
Jonge fûgels yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet ha in brune kop en ûnderkant, wylst juvenilen yn it suden in readbrune ûnderkant ha. Yn it noarden komt de fûgel foar op savannes en yn boskhabitat. Yn it suden libje de fûgels yn bosk, benammen fan it type miombo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjegrutte is net kwantifisearre. De fûgel komt algemien foar en de oantallen wurde as stabyl beskôge. Om dy redenen stiet er op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2024) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Glânsstaar
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
