Springe nei ynhâld

Grutte blau-earglânsstaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lamprotornis chalybaeus)
Grutte blau-earglânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis chalybaeus
Hemprich & Ehrenberg, 1828
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De grutte blau-earglânsstaar of grutte blau-earglânsprotter (Lamprotornis chalybaeus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

De 21 oant 24 sm lange fûgel weaget 79 oant 106 gram. It is in relatyf grutte, meast blaugriene glânsprotter mei in soad likenis op 'e brûnssturtstaar en de lytse blau-earglânsstaar. In ferskil mei de brûnssturtstaar is de blauwe irisaasje op 'e boppesturtdekfearren en de blaugriene sturtfearren. De kleur fan 'e iris ferskilt fan wyt en giel oant oranje of read.

De soarte libbet yn Afrika ûnder de Sahara en wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield:

De ferskillen tusken de ûndersoarten binne subtyl en njonken de geografyske fersprieding is der ferskil yn grutte en kleur.

It habitat fan 'e fûgel bestiet út savanne mei bosk. Yn West-Afrika libbet de fûgel yn drûge gebieten, yn it easten en suden mear yn boskryk of yn kultuer brocht lân mei mear rein. De fûgel libbet yn leechlannen en yn Kenia ek oan 'e kust, mar yn Etioopje komt de fûgel ek yn heechlân oant 2000 m boppe de seespegel foar.

It briedseizoen is ôfhinklik fan 'e regio; yn it noardwestlike en sintrale gebieten is dat fan juny oant oktober, yn it noardeasten fan maart oant jylyt en yn it suden fan augstus oant jannewaris. Wyfkes lizze twa oant fiif ljocht blauwe of grieneblauwe aaikes mei readbrune en donkerblauwe plakjes. De briedtiid duorret twa wiken. De jongen wurde ynearsten mei ynsekten fuorre, letter ek mei beien. Nei 23 dagen ferlitte de jongen it nêst, dêr't de fûgel faak in holte fan in âld nêst fan in spjocht of Afrikaanske burdfûgel foar brûkt. Ek briede de fûgels wol yn toarneftige strûken of sels âlde nêsten fan 'e hillige ibis of earrebarren.

Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de fûgel wurdt as algemien en lokaal talryk beskreaun. Oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (LC, net bedrige)klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: