Griene langsturtglânsstaar
| Griene langsturtglânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis caudatus | ||||||||||||
| Statius Müller, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De griene langsturtglânsstaar of griene langsturtglânsprotter (Lamprotornis caudatus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is ynklusyf de lange sturt fan wol 33 sm tusken de 40 oant 50 sm lang en weaget 103 oant 133 gram. It is in grutte protter mei in opfallend lange sturt, wêrfan't de boppeste fear hiel lang is en de fearren dêrûnder hieltiten koarter binne. De kroan, de sydkanten fan 'e kop en de kiel binne donker blaugrien mei in brûnskleurige glâns. De rest fan 'e fûgel is ek glânzgjend blaugrien, mar ljochter. De poaten en de snaffel binne swart. Mantsje en wyfke binne allyk, allinnich ha mantsjes in langere sturt.[1]
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn West-Afrika foar yn it súdlike part fan 'e Sahel en op 'e Sûdaneeske savanne.
De habitat fan 'e griene langsturtglânsstaar bestiet út iepen, drûge gebieten lykas savannes, ikkerlân, parken en galerijbosken. Se binne faak by bewenning, dêr't se profitearje fan fruchten, sied en ynsekten. De fûgels binne meastentiids yn leechlizzende gebieten en net yn tichte tropyske reinwâlden te finen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Griene langsturtglânsstaren binne allesiters. Se ite meast ynsekten, fruit en beien mar somtiden ek sied en lytse hagedissen. Guon proaien, lykas de larven fan krobben, kinne bite en dêrom drukt de fûgel de kop fan 'e lare plat foardat er him opfret.

Se briede yn in beamholte en in nêst bestiet út 2 oant 4 aaien, dy't 15 dagen troch it wyfke bebret wurde. Nei 18 oant 24 dagen fleane de jongen út en wurde dan noch in skoft troch de âlden fuorre.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e populaasje. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) beskôge.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Glânsstaar
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
