Springe nei ynhâld

Wytkroanglânsstaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lamprotornis albicapillus)
Wytkroanglânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis albicapillus
Blyth, 1855
IUCN-status: net bedrige

De wytkroanglânsstaar of wytkroanglânsprotter (Lamprotornis albicapillus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Fûgel yn in Keniaanske doarp.

De soarte is in grutte protter mei in opfallende tekening. Hy hat swarte snaffel, in wite kroan en in wyt plak op 'e wjuk dy't goed te sjen is yn 'e flecht. Ek hat de fûgel wite eagen en in brune ûnderkant mei wite streken. By goede ljochtferhâldings binne de boppedielen irisearjend grien. De westlike ûndersoarte horrensis is in stik lytser as de nominaatfoarm.

Wytkroanglânsstaren komme yn Dzjibûty, Etioopje, Kenia en Somaalje foar. Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • Lamprotornis albicapillus albicapillus: Somaalje, súdeastlik Dzjibûty, noardik Etioopje oant meast noardeastlik Kenia.
  • Lamprotornis albicapillus horrensis: súdlik Etioopje en noardlik Kenia.

Se libje yn drûge savannes mei toarnbosk en -strewellen, ek om doarpen en stêden hinne. Meast wurde se yn lytse groepkes waarnommen, fakentiden beselskippe troch fee.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny ta Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de soarte dêrom as net bedrige (LC, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: