Springe nei ynhâld

Reuzeminskehaai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lamna xiphodon)
reuzeminskehaai

Rekonstruksje fan 'e kaken fan in reuzeminskehaai.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassekreakbienfisken (Chondrichthyes)
skiftmakrielhaaien (Lamniformes)
famyljehjerringhaaien (Lamnidae)
skaaiminskehaaien (Carcharodon)
soarte
Carcharodon plicatilis
Agassiz, 1843
útstoarn (fossyl)

De reuzeminskehaai (wittenskiplike namme: Carcharodon plicatilis, syn. Carcharodon xiphidon), ek wol wite reuzehaai of de jongere breedtoskmakrielhaai neamd, is in útstoarne haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon). Dit bist libbe yn it Let-Mioseen en it Ier-Plioseen, wierskynlik omtrint 7,1–3,6 miljoen jier lyn. Fossilen fan 'e reuzeminskehaai binne fûn yn lannen om 'e Atlantyske en Stille Oseaan hinne. De jildichheid fan dizze soarte wurdt noch altyd net akseptearre troch in diel fan 'e paleöntologen, dy't C. plicatilis as in jonger synonym beskôgje fan Cosmopolitodus hastalis, de breedtoskmakrielhaai.

De reuzeminskehaai waard yn 1843 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Switserske paleöntolooch Louis Agassiz. Lang bestie der ûndúdlikheid oer de taksonomyske klassifikaasje fan dit bist, sadat it troch de tiid hinne by ferskate skaaien yndield west hat, wêrûnder de echte makrielhaaien (Isurus) en de echte hjerringhaaien (Lamna), dy't allebeide noch libbene soarten omfetsje.

De Russyske paleöntolooch Leonid Glikman pleatste de reuzeminskehaai yn 1964 yn it útstoarne skaai fan 'e breedtoskmakrielhaaien (Cosmopolitodus), mei de krektlyk útstoarne breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis) en twa oare soarten C. trigonodon, dat letter in jonger synonym fan C. hastalis bliek te wêzen, en C. xiphodon. Yn 2017 foege Alberto Collareta C. xiphodon as in jonger synonym gear mei de reuzeminskehaai.

Tsjintwurdich wurdt de reuzeminskehaai yn it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon) pleatst, yn 'e mande mei de libbene wite haai (Carcharodon carcharias) en twa oare fossile soarten: Caifassi's minskehaai (C. caifassii) en Hubbells minskehaai (C. hubbelli). De âldere breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis) wurdt sjoen as in oare nau besibbe soarte.

Hoewol't Carcharodon plicatilis foarhinne wol beskôge waard as in nomen dubium is anno 2025 de gongbere hypoteze dat de reuzeminskehaai in jildige soarte is. Dat stânpunt wurdt ûnderstipe troch de ûndersiken fan Alberto Collera et al. út 2021 en fan Tatjana Malysjkina et al. út 2023. In minderheid fan 'e paleöntologen is lykwols fan miening dat de reuzeminskehaai in fariaasje fan 'e breedtoskmakrielhaai is, en dat de morfologyske ferskillen tusken de beiden bisten in foarm fan seksuele dimorfy fertsjintwurdigje.

As men derfan útgiet dat de reuzeminskehaai yndie in selsstannige soarte wie, soe dit bist de direkte foarâlder fan 'e hjoeddeistige minskehaai of wite haai (Carcharodon carcharias) wêze kinne. In oare mooglikheid is dat it in transisjonele soarte wie tusken de breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis) en Hubbells minskehaai (Carcharodon hubbelli).

Fossilen fan 'e reuzeminskehaai binne oantroffen yn grûnlagen út it Let-Mioseen en it Ier-Plioseen. Saakkundigen ornearje op basis dêrfan dat dit bist nei alle gedachten libbe fan 7,1 miljoen oant 3,6 miljoen jier lyn.

Op grûn fan 'e fynsten fan fossilen wurdt de reuzeminskehaai in Atlantyske en Pasifyske fersprieding tatocht. Fossilen binne fûn yn Noard-Amearika (Noard-Karolina), Jeropa (Portegal en Itaalje), Súd-Amearika (Oerûguay en Perû), Austraalje en East-Aazje (Súd-Koreä en Sachalin yn it Fiere Easten fan Ruslân).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reuzeminskehaai wie in grutte haaiesoarte, dy't in totale lichemslingte hie fan nei skatting 5,2–7,6 m. Dat is in slach grutter as de libbene minskehaai of wite haai (Carcharodon carcharias), dy't 3,5–5,0 m mjit. Dêrfandinne de namme "reuzeminskehaai". Wat de foarm fan 'e tosken fan 'e reuzeminskehaai oangiet, bestiet der gâns fariaasje fan yndividu ta yndividu. Oer it algemien kin steld wurde dat de tosken sterk lykje op dy fan 'e breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis), mar dat se robúster binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.