Lammegier
| Lammegier | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gypaetus barbatus | ||||||||||||
| (Linnaeus, 1758) | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lammegier (Gypaetus barbatus), ek wol de burdgier neamd, is in grutte rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennichste soarte yn it skaai fan 'e Gypaetus. De fûgel wykt bot fan oare gieren ôf troch syn fearrekleed en syn unike dieet, dat foar 70% oant 90% út bonken bestiet.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In folwoeksen lammegier is 94 oant 125 cm lang en hat in wjukspanne fan 231 oant 283 cm. Opfallend is de lange, rûtfoarmige sturt dy't oare gieren net hawwe. De kop is net keal, mar bedutsen mei fearren. Under de snaffel hat de fûgel in bondeltsje swarte boarstels dy't op in burd lykje, dêrfandinne ek de namme "burdgier".
De natuerlike kleur fan it boarst en de kop is wyt oant ljochtgiel, mar yn 'e natuer sjogge dizze fûgels der faak oranje-eftich of rustbrún út. Dat komt om't de fûgels baaie yn izerhâldende modder of grûn, wêrtroch't it fearrekleed ferkleuret.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lammegier is in bewenner fan heechberchtmen en komt foar yn dielen fan Europa, Afrika en Aazje. It leefgebiet bestiet út rûge berchstreken mei steile rotswanden boppe de beamgrins, faak tusken de 500 en 4.000 meter hichte, al binne se yn e Himalaya sels waarnommen op mear as 7.000 meter.
Yn Europa briedt de fûgel yn 'e Pyreneeën, de Alpen, op Kreta en op Korsika. Yn Afrika komt er foar yn 'e Atlas en yn 'e berchgebieten fan East- en Súd-Afrika. De grutste populaasjes libje yn 'e sintrale berchrêgen fan Aazje.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- G. b. barbatus: de nominaatfoarm fan Noard-Afrika en Europa oant yn Sintraal-Aazje.
- G. b. meridionalis: de ûndersoarte fan East- en Súd-Afrika, dy't wat lytser is en de donkere earstreek mist.
Ekology en gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lammergier is de iennichste spesjalist op it mêd fan it iten fan bonken. As in bonke te grut is om troch te slokken, fljocht de fûgel dêrmei heech de loft yn en lit him falle op in fêste plak mei rotsen (in saneamde "bonkekreaker"). De bonke spat dan útinoar, wêrnei't de gier it opslynt. It maachsoer fan 'e lammegier is sa sterk, dat sels grutte bonken yn 24 oant 48 oere folslein fertard wurde.

De namme lammegier komt fan it âlde misferstân dat dizze fûgels op lammen of sels bern jeie soene. Yn werklikheid fret er hast allinnich mar de resten fan kadavers dy't troch oare rôfdieren lizze litten binne.
Lammegieren begjinne al hiel betiid yn it jier te brieden, faak midden yn 'e winter (desimber of jannewaris), sadat de jongen út it aai komme as de winter oergiet op 'e maitiid, it momint dat der troch it teiwaar in soad kadavers fan gimsen en oare berchdieren ûnder de snie tefoarskyn komme. De fûgels bouwe grutte nêsten fan tûken op ûntagonklike rotsen of yn hoalen yn 'e rotsen. It nêst wurdt dik mei wol en hier fan 'e bisten dy't se iten hawwe.
In opfallend skaaimerk is dat der somtiden sprake is fan polyandry; it wyfke briedt mei twa mantsjes. De trije folwoeksen fûgels wurkje gear om it nêst te ferdidenjen en it jong te fuorjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel komt foar yn heechberchtmen lykas de Pyreneeën, de Alpen, de Himalaya en yn dielen fan Afrika. Yn Europa wie de fûgel yn 'e Alpen hast útstoarn, mar troch suksesfolle weryntroduksjeprojekten briedt er dêr no wer.
De wrâldpopulaasje waard yn 2021 op 1.675 oant 6.700 folwoeksen fûgels rûsd. De soarte stiet as hast bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN, foaral troch fergiftiging, fersteuring fan nêstplakken en ûngemakken mei heechspanningskabels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Haukfûgel
- Lammegier
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
