Kreupele Blanke Man

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lamme Blanke Man)
Kreupele Blanke Man
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ve’ho’enohnenehe
oare namme Lame White Man
nasjonaliteit Sjajinsk
berne 1837 of 1839
berteplak ?
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Noardlike Sjajinnen
jierren aktyf ±18601876

Kreupele Blanke Man (Sjajinsk: Ve’ho’enohnenehe, útspr.: [vɪʔhoʔɪnohnɪnɪhɪ]; Ingelske oersetting: Lame White Man; 1837/183925 juny 1876) wie in opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen, (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy focht oan 'e kant fan 'e (Sioux) yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, tsjin it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, en wie de iennichste Sjajinske haadman dy't yn dy slach sneuvele.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Yndiaanske boarnen fan 'e histoarikus Thomas B. Maquis wie Kreupele Blanke Man 37 jier doe't er stoar, wat betsjutte soe dat er yn 1838 of 1839 berne wie. Oare boarnen hâlde foar syn bertejier 1837 oan. Hoe dan ek, hy wie troud mei in frou dy't fan Twillingfrou hie en hie twa bern, Reade Hoed en Kraanfûgelfrou. Syn pakesizzer John Stands In Timber waard letter de stamskiedkundige fan 'e Noardlike Sjajinnen, en skreau yn 1967 it boek Cheyenne Memoires op grûn fan 'e mûnlinge oerlevering fan syn folk.

Kreupele Blanke Man wie fan berte in Súdlike Sjajinne, mar joech him nei it Bloedbad fan Sand Creek, yn 1864, by de Noardlike Sjajinnen, dêr't er troch syn kriichshaftigens al rillegau yn heech oansjen kaam te stean. Om syn dapperens waard er ek wol Hahk’o’ni neamd, dat "Dûmhertige Wolf" betsjut. De Lakota, tradisjonele bûnsgenoaten fan 'e Sjajinnen, neamden him Beburde Man. Hy waard in foaroanman fan it Wapityhoarn-krigersgenoatskip fan 'e Noardlike Sjajinnen, mar ûnderhold dêrby noch altyd kontakten mei de Súdlike Sjajinnen. Yn 1873 makke er diel út fan in Sjajinske delegaasje nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

Slach oan de Little Bighorn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, wêrby't in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en guon Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer fierhinne ferdylge, soe Kreupele Blanke Man in bútmakke kavalerybaitsje droegen hawwe kinne, dat neitiid fêstbûn oan syn seal weromfûn waard. Syn pakesizzer John Stands In Timber ûntstried dat lykwols, mei't Kreupele Blanke Man neffens syn beppe Twillingfrou dy deis inkeld syn mokassins droech en in tekken dy't er om 'e mul wuolle hie.

Kreupele Blanke Man waard troch Amerikaanske soldaten delsketten op 'e westlike heuvelskeante fan Battle Ridge, dêr't er in stoarmrin tsjin 'e 7de Kavalery oanfierde. Letter seach in Minnikonzjû-Lakota-kriger, wêrfan't men tinkt dat it Lytse Krie wie (net te betiizjen mei it Dakota-opperhaad fan deselde namme), him by fersin oan foar ien fan Custer syn Yndiaanske ferkenners, en skalpearre him ear't er besefte wa't er foar him hie. Kreupele Blanke Man wie it iennichste Sjajinske opperhaad dat oan 'e Little Bighorn sneuvele. Yn 1999 waard ta syn oantins op it âlde slachfjild in tinkteken ûntbleate.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.