Lambertus Jacobus Veen

Ut Wikipedy
Lambertus Jacobus Veen yn 1912

Lambertus Jacobus Veen (Snits, 7 jannewaris 1863 - Amsterdam, 20 septimber 1919) wie in Nederlânsk útjouwer en oprjochter fan útjouwerij L.J. Veen.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Veen wie in soan fan bankier en kassier Egbert Veen (1826-1875) en Debora Johanna van Gelder (1824-1872), lid fan de famylje van Gelder. Yn 1875 waard er wees en waard er opnaam yn de húshâlding fan syn omke Lambertus Jacobus van Gelder (1831-1912), houtkeapman, en Lubina Aurelia Endtz (1837-1912). De lêsten wiene de âlden fan foardrachtskeunstneresse Titia van Gelder (1860-1940), dy't troud wie mei skriuwer en keunstskilder Jacobus van Looy (1855-1930). Hy boaske 1900 mei Clara Wibbina Paehlig (1880-1918), dochter fan kaptein Rudolf Paehlig. Sy krigen fiif bern fan wa't Maria Theresia (Mica/Mieke) (1901-1980) en Lambertus Johannes Veen (1907-1973) letter ek foar de útjouwerij wurken.[1]

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Babel, mei oekbân fan Jan Toorop
Psyche, mei boekbân fan Toorop

1887-1896[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Veen stichte yn 1887 de útjouwerij L.J. Veen; by de earste wurken dy't er útjoech wien Het Biografisch Woordenboek der Noord- en Zuid-Nederlandse Letterkunde fan Dr. W.J.A. Huberts, W.A. Elberts en T. Joz. P. van de Branden en Kuyper, Nieuwe Atlas der Wereld (1887). Yn 1888 brocht er it famkesboek Colette's avontuur, fan A.J.J. Ebeling út; professor A.G. van Hamel skreau it foaropwurd; it fernuvere him dat sa'n Frânsk romantsje gaadlike lektuer foar Hollânske famkes wie. It boek giet oer de perikels fan it jonge famke Coletta, dat fereale wurdt op de jongfeint Pierre, dy't troch har fersoarge waard, lang om let mei har trout en mei him op in kastieltsje wenjen giet.[2]

Veen bemiddele yn dy tiid ek yn Ingelske lessen, sa't bliken docht út dizze advertinsje: English, quickly and thoroughly taught by an Englishman. Apply L.J. Veen.[3] Yn dy earste jierren fersoarge Veen in grut ferskaat oan publikaasjes dy't fariearren fan De Kamertuin fan Henriette Davidis (1891) oant Op dwaalwegen fan Carmen Sylva (1892), yn 1895 folge troch de útjefte fan it dameswykblêd De Hollandse Lelie. Dat blêd stie doe ûnder redaksje fan Johanna van Woude en waard útjûn ûnder it biedwurd De Hollandse Lelie is het enige weekblad voor dames uit de hoogste en beschaafste kringen.[4]

Lettere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1896 joech Veen De verzoeking van de H. Antonius naar Gustave Flaubert, fragmenten fan Louis Couperus út[5], mar beheinde him yn dy tiid net ta de literatuer, sa't blykt út syn útjefte fan Woorden en uitdrukkingen die dagelijks voorkomen als men Duits spreekt. (1896) en de rige Beroemde mannen (1896). Hy joech net allinne it wykblêd De Hollandse Lelie út, mar ek Vrij en Vroom, maandblad voor de zondagscholen ûnder redaksje fan juffer J.F.D. Mossel.[6] Yn 1900 fersoarge er de publikaasje fan De Chinese kwestie en De Chinezen in Nederlands-Indië fan Henri Borel en Langs lijnen van geleidelijkheid fan Couperus en yn 1901 joech er in wurk mei in protte yllustraasjes oer it libben fan Marthinus Theunis Steyn út.[7] Dêrnei folgen tsien dielen mei wurk fan Guido Gezelle, Dichtwerken. Veen wie yn 1903 oanwêzich by de ambachtsútstalling yn Arnhim en toande dêre boekbânen, fan troch him útjûne wurken, fan ônder oaren Toorop, Lebeau en Jules De Praetere.[8]

Veen hold niget oan it útjaan fan literatuer: wurk fan Jeanne Reyneke van Stuwe, Catharina Anna Maria de Savornin Lohman en Stijn Streuvels. Dat Veen socht ek nijsgierrich literêr wurk yn Flaanderen. Veen stoar yn Amsterdam yn de âldens fan 56 jier, nei in koart siikbêd; hy waard beïerdige op tsjerkhôf Rustoord yn Diemerbrug.

De briefwikseling tusken Veen en auteur Louis Couperus waard letter útjûn troch Couperus-biograaf Frédéric Bastet.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Egbert A. Veen, Een Friesch koopmansgeslacht. Het geslacht Veen. Amsterdam, L.J. Veen, 1947 [oplage: 300 nûmere eksemplaren].
  • Waarde heer Veen (&) Amice. Brieven van Louis Couperus aan zijn uitgever. Mei ynlieding en oantekeningen fan F.L. Bastet. De Haach, NLMD, 1977.
  • Die zaak van prachtdrukken. De briefwisseling tussen Julius de Praetere en L.J. Veen. Kalmthout, De Carbolineumpers, 2011.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Egbert A. Veen, Een Friesch koopmansgeslacht. Het geslacht Veen. Amsterdam, L.J. Veen, 1947 [oplage: 300 nûmere eksemplaren].
  2. Algemeen Handelsblad, 28 september 1888
  3. Advertentie
  4. Nieuwe Tilburgse Courant, 22 septimber 1895
  5. Het Nieuws van de Dag: kleine courant, 21 septimber 1896
  6. Algemeen Handelsblad, 18 septimber 1898
  7. Het Nieuws van de Dag:kleine courant, 19 september 1902
  8. Het nieuws van de Dag: kleine courant, 14 septimber 1903