Lambertus Franciscus Edema van der Tuuk
Lambertus Franciscus Edema van der Tuuk | ||
![]() | ||
Edema van der Tuuk yn syn atelier | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 30 april 1872 | |
stoarn | 24 augustus 1942 | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldhouwer en dosint | |
streaming | Figuratyf | |
offisjele webside | ||
RKD-frofyl |

Lambertus Franciscus Edema van der Tuuk (Noardwâlde, 30 april 1872 - Hillegersberg, 24 augustus 1942) wie in Nederlânske byldhouwer en dosint.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan dr. Hindrik Edema van der Tuuk (1839-1914) en Ida Helena Junius (1848-1919). Hy studearre oan de Kunstnijverheidsschool Quellinus yn Amsterdam, dêr't er les krige fan Louis Bourgonjon en Bart van Hove. [1] Hy krige in beurs, dêr't er syn oplieding mei ferfolgje koe oan de Koninklijke Academie voor Schone Kunsten fan Brussel by Charles Van der Stappen. Fan Brussel gie er nei Parys om oan de École nationale supérieure des arts décoratifs te studearjen. Om 1897 hinne iepene er syn eigen atelier yn Amsterdam.
Fan 1904 oant 1926 wie Edema van der Tuuk learaar boetsearjen oan de Academie van Beeldende Kunsten en Technische wetenschappen yn Rotterdam. Learlingen fan him wiene ûnder oaren Cor van Kralingen en Bernard Richters.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Portret fan F.A. des Tombe
-
Portret fan C.N.A. Loos
-
Boarstbyld fan Gerrit van Rijn
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lambertus Franciscus Edema van der Tuuk fan Wikimedia Commons. |