Springe nei ynhâld

Lady Chatterley's Lover

Ut Wikipedy
Omslach fan de earste kommersjele printinge fan Lady Chatterley's Lover yn de Feriene Steaten, 1959.

Lady Chatterley's Lover (Ingelsk, likernôch: "De leafste fan dame Chatterley") is in roman fan de Ingelske skriuwer D.H. Lawrence, út 1928, oarspronklik ferskynd yn Florâns. It wurk soarge fuortdaliks foar in skandaal mei de eksplisite beskriuwings fan seks tusken in aristokratyske frou en in wurkjende man. Wylst al yn 1929 in private edysje útjûn waard troch Mandrake Press, Londen, waard pas yn 1960 foar it earst in folsleine kommersjele ferzje útbrocht yn it Feriene Keninkryk, troch Penguin Books.

De haadpersoan is in frou út de yntellektuele boargerij. Hja boasket mei in aristokraat, dy't al gau nei de houliksreis handikapt wurdt, en begjint dan in relaasje mei de boskwachter Oliver Mellors. De roman waard berucht om syn ferhaal fan 'e fysike (en emosjonele) relaasje tusken in man fan 'e arbeidersklasse en in frou fan 'e boppeste klasse, syn eksplisite beskriuwingen fan seks, en it brûken fan omgongswurden foar geslachtsdielen dy't doedetiids beskôge waarden as net yn print wer te jaan.