Laarbeek
Laarbeek | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Laarbeek is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 23.218 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 56,17 km² (wêrfan 0,82 km² wetter). It gemeentehûs stiet yn Beek en Donk. De gemeente Laarbeek makket diel út fan 'e Metropoalregio Eindhoven.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente is op 1 jannewaris 1997 ûntstien troch it gearfoegjen fan 'e eardere gemeenten Aarle-Rixtel, Beek en Donken en Lieshout (dêr't ek it tsjerkedoarp Mariahout by hearde).
De gemeentenamme waard út meardere oare nammen op 8 maart 1994 keazen. De ynwenners fan 'e âlde gemeenten koene sels in nij namme yntsjinje. Laarbeek is in kombinaasje fan 'e termen 'Laar' (nei de buorskip Het Laar yn it sintrum fan 'e gemeente) en 'beek' (in ferwizing nei de wetterkes dy't troch de gemeente streame, lykas de Aa en de Goorloop).

It keunstwurk Accretio op 'e rotonde fan 'e Provinsjale weg N615 en de Beekseweg yn Lieshout symbolisearret de gemeentefúzje.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buorskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Achterbosch · Beemdkant · Bemmer · Broek · Broekkant · Deense Hoek · Donkersvoort · Ginderdoor · Groenewoud · Heereind · Hei · Heikant · Het Laar · 't Hof · Hool · Karstraat · Strijp.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De gemeente hat in grut oantal monuminten dy't it besjen wurdich binne.
It kastiel Croy yn Aarle-Rixtel is in midsiuwsk kastiel. In oar kastiel is kastiel Eikenlust yn 'e kontreien fan Beek en Donk.
Tusken de ikkers noardeastlik fan Aarle Rixtel leit it Missykleaster Hillich Bloed. De kongregaasje fan 'e Missysusters fan it Kostber Bloed fûn syn oarsprong yn Súd-Afrika oan 'e ein fan 'e 19e iuw.
Yn Lieshout stiet de mûne Vogelenzang, dy't yn 'e 19e iuw troch Vincent van Gogh tekene is.
De Us-Leaffrouwetsjerke fan Mariahout is in tsjerkegebou út 1932 mei in Lourdesgrot.
It Alde Riedshûs (Beek en Donk) is in histoarysk gebou dat as gemeentehûs tsjinne en no brûkt wurdt foar kulturele eveneminten.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Grotelsche Bos en de Biezen is in ôfwikseljend boskgebiet fan leafbeammen, nullebeammen en blomrike greiden.[2]
- De Mariahoutsbosken foarmje in lang stik bosk fan 158 ha noardlik fan Mariahout.
- De Blauwe Poort Laarbeek is in wetterberchingsgebiet tusken Beek en Donk en Gemert en kombinearret wetterbehear mei natuerûntwikkeling.<re'f>Wetterskip Aa en Maas</reF>
- De Natuertún De Bimd (Aarle-Rixtel) is in edukative natuertún mei in breed ferskaat oan Nederlânske wylde planten, strûken en beammen.
- Molenheide ûnder Lieshout is in gebiet mei heidefjilden, dobben en in rike biodiversiteit.[3]
https://www.natuurmonumenten.nl/natuurgebieden/molenheide
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |