Laitsûle
| laitsûle | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ninox novaeseelandiae | ||||||||||||
| Gray, GR, 1844 | ||||||||||||
| † útstoarn | ||||||||||||
De laitsûle of laakûle (Ninox albifacies; foarh. Sceloglaux albifacies) is in útstoarne fûgel út de famylje ûlefûgels (Strigidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels waarden 35 oant 40 sm lang en weagen trochstrings 600 gram. Wyfkes wienen wat grutter as mantsjes. De fearren wienen ljochtbrún mei donkerbrune stsreken. De gesichtsskiif wie griis yn 'e midden oant hast wyt oan 'e râne. Op it Noardereilân libbe in ûndersoarte mei in readbrune gesichtsskiif.
Alhoewol't de fûgels fleane koenen, wienen it benammen terrestryske dieren dy't yn rotseftige gebieten of yn bosken libben. Dat makke de fûgel ek kwetsber foar predaasje. Se jagen op lytse sûchdieren, fûgels, hagedissen en ynsekten op 'e grûn. Yn septimber en oktober waarden der twa aaien lein, dy't it wyfke yn 25 útbriede sûnder it nêst te ferlitten. Wylst fuorre it mantsje it wyfke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wie endemysk yn Nij-Seelân. Der wienen twa ûndersoarten bekend:
- de albifacies (de nominaatfoarm), dy't op it Sudereilân en Stewart Island libbe
- de rufifacies dy't op it Noardereilân libbe.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte waard oarspronklik yn 1844 beskreaun as Athene albifacies troch George Robert Gray, basearre op in eksimplaar fan Waikouaiti fan it Sudereilân. It type-eksimplaar wurdt yn it Britsk Museum bewarre. Johann Jakob Kaup sette de fûgel yn 1848 as de Sceloglaux albifacies yn it monotypyske skaai Sceloglaux en yn 1852 yn Ieraglaux (as Ieraglaux albifacies). Ut genomyske stúdzjes die lykwols resint bliken dat de gniisûle eins better yn it skaai Ninox past as yn it skaai Sceloglaux.
Fan 'e lytsere ûndersoarte rufifacies binne twa eksimplaren beskreaun, dy't sammele wiene yn 'e bosken fan Mount Taranaki (1856) en Wairarapa (1868). It ferdwinen fan 'e eksimplaren en de ûndúdlike skiednis late letter ta de fertinking dat de fûgel mooglik hielendal net op it Noardereilân libbe hie. Der binne lykwols letter op it Noardereilân in soad subfossile bonken fan 'e soarte fûn.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin 1880 wie de populaasje al sa lyts woarn, dat de fûgel seldsum wie. Yn 1889 wie de ûndersoarte op it Noardereilân útstoarn. It lêste bekend eksimplaar fan it Sudereilân waard yn 1914 dea fûn. Unbetroubere waarnimmingen binne der letter noch oant yn 'e jierren 1920 en 1940 dien.
It útstjerren fan 'e soarte waard feroarsake troch it sammeljen fan 'e fûgel, it ferlies fan habitat en de troch Europeanen yntrodusearre katten en harmelingen, dy't de nêsten plonderen.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ninox albifacies fan Wikimedia Commons. |