Laaistien


Laaistien (Ingelsk: slate; Dútsk: Schiefer) is in metamorf stiente dat karakterisearre wurdt troch in dúdlike, dominante foliaasje fan ôfwikseljende laachjes kwarts mei fjildspaat en laachjes mika. Troch dizze foliaasje hat laaistien in sterke spjalting en ferbrokkelet it yn tinne, plakfoarmige stikken. Laaistien wurdt yn'e natuer foarme troch de metamorfoaze fan klaaisedimint, lykas skaly of klaaistien. It wurdt in soad as dakbedekking brûkt, benammen yn gebieten dêr't it oan it oerflak foarkomt, lykas yn it suden fan België en oanswettende parten fan Dútslân. Laaistien is dêr maklik te winnen.
Foarming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Laaistien is klaai dy't ûnder hege druk omfoarme waard. Dizze metamorfoaze is by laaistien leechgradich ferlike mei stiennen as schist of gneis. De wichtichste mineralen yn in laaistien dy't by metamorfoaze foarme binne, binne kwarts en mika. Laaistien kin dêrneist relatyf hege persintaazjes spoaremineralen lykas hematyt, rutyl, grafyt en pyryd befetsje. De mika jout it stiente de karakteristike spjalting.
Tapassing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tapassings fan laaistien binne ûnder mear:
- Boumateriaal foar dakbedekking; yn Midden-Dútslân, lykas Thüringen en it Sauerlân ek wol as wandbeklaaiïng
- Skriuwplankjes (laai)
- Skriuwstift om mei op in skriuwplankje te skriuwen (griffel)
- Underplaten foar profesjonele biljerttafels
- As ûnderdiel fan in wapenútrissing, as pânser
- Fliertegels
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Laaistien fan Wikimedia Commons. |
